Oan de oare kant in provinsje, dy't wolris tefolle yn detail yngrypt yn gemeentlike saken en faaks meer oan de gemeenten oerlitte kinne soe. En rykstsjinstendy't yn Fryslan hiel wat oanrjochtsje posityf of negatyf, dat litte wy mar yn it midden, mar dy't deroer net direkt ferantwurdlik binnen foar de Fryske boargers oer. De provinsje en de Feriening fan Fryske Gemeenten hawwe in plan op tafel lein om dizze tizeboel te untrafeljen en te kommen ta in ien- fdldiger, dudliker en doelmjittiger bestjoer. Wy hoopje op in saaklik debat deroer fan provinsje en gemeenten, sunder rivaliteit en kompetinsjestriid, mei in posityf resultaat. Sadat der in dudlik en mienskiplik sicht untstiet op de ferdieling fan taken en ferantwurdlikheden, op it med fan de offalstoffenfer- wurking en op alle meden fan bestjoer fan provinsje en gemeenten. Foarsitter, alle fernijing, ek bestjoerlike fernijing, freget in positive, enerzjike en optimistische ynstelling. Dy ynstelling is yn us gemeente folop oanwezich; wy hawwe dat al konstatearreDy opstelling wurket ek troch yn de untwerp-begrutting 1994. Wy binne bliid mei in slutende begrutting en mei de geast fan optimisme, dy't de begrutting utstrielt. Wy sprekke us wurdearring ut foar it kolleezje en foar de amtners heech en leech, foar al it wurk, dat hja yn it ofrune jier ferset hawwe. It is wurk mei sichtber en posityf resultaat. Wy winskje har, en ek ussels as ried, foar it kommende jier de rjochte kombinaasje fan optimisme en realisme ta, en derneist benammen ek in protte wille yn it wurk. Stiens22 novimber 1993 Ut namme fan de CDA-fraksje Gerard van Rijn

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 15