6
LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
Agindapunt 6
FoarstelnO: 94/6
Stiens, 19 jannewaarje 1994
Underwerp
ferslachformulier miljeu-
taken 1992
Oan
de gemeenteried
Gemeenten dy't bydragen krije foar it titfieren fan miljeutaken yn it ramt
fan de BUGM- en it NMP moatte alle jierren ferslach dwaan fan de
fuortgong yn de utfiering. Der leveret VROM it ferslachformulier foar.
It ferslach moet goedkard wurde troch jimme ried en dan tastjoerd wurde oan
VROM en de Ynspeksje miljeuhygiene
LSstneamde ynstansje moet yn'e gelegenheid steld wurde om in advys dt te
bringen oer it konsept-ferslach.
It konsept-ferslach oer 1992 stjoerden wy yn april foar advys nei de
Ynspeksje
Yn de reaksje kaam de Ynspeksje mei in tal fragen/opmerkings dir't neier op
yngong wurde moat.
Op grun fan it konseptferslach en de reaksje fan de Ynspeksje is in
definityf ferslach opsteld.
Dat ferslach lizze wy hjirby ta goedkarring oan jimme foar. It konsept
ferslach en de reaksje fan de Ynspeksje binne d§r by dien.
Foar in taljochting by it ferslach ferwize wy jimme nei it amtlike advys
dat by de stikken op besjen leit.
Wy stellen jimme foar it definitive ferslach no f§st te stellen.
Nei feststelling sil it ferslach tastjoerd wurde oan VROM en de Ynspeksje
miljeuhygiene.
Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel
de siktaris
de boargemaster,
J.J. KINGMA
MR. C. BIJL