GEMEENTE
LEEUWARDERADEEL
Agindapunt 5
Foarstelnti.94/85 Stiens, 15 july 1994
Underwerp
prioritearring feroaring
tinderskate bestimmingsplannen
Oan
de gemeenteried
Yn de riedssltif treffe jimme de offerten oan fan it Stedeboukundich buro
Bugel/Hajema oangeande de feroaring fan in tal bestimmingsplannen.
Ek de oare stikken dy't ddrmei te krijen hawwe binne der foar jimme ynlein
om yn te sjen.
It giet om de feroaring fan it bestimmingsplan btitengebiet en de plannen om
de doarpen Jelsum en Koarnjum hinne neffens de oanwizing fan de minister
fan VROM as gefolch fan de ltidsproblematyk om'e fleanbasis Ljouwert hinne
en wat Jelsum oangiet ek de oanwizing fan in part fan dat doarp as beskerme
doarpsgesicht. It giet ek om it nije bestimmingsplan Stiens - Aldltin.
Kwa prioritearring stelle wy foar dit j ier noch in begj in te meitsjen mei
it btitengebiet en Stiens - Aldlan en yn 1995 te plannen Jelsum en Koarnjum
oan te pakken.
Sjoen nei de problematyk dy't spilet, achtsje wy in yntegrale feroaring fan
it btitengebiet op syn plak en kinne wy net folstean mei in oanpassing oan
allinnich de fleantuchproblematyk
It Stgdeboukundich buro Bugel/Hajema hat der offerten foar titbrocht.
Mei jimme riedskommisje DOW hawwe wy d§r fierder oer praten. In tal fragen
hawwe derby op'e aljemint west en binne beantwurde. It liket As yn dit
ferban in goede wurkwize om yn jimme ried de grutte line fan prioritearring
tit te setten en fia de kommisje de fierdere oanpak en tema's te besjen en
te bepraten.
Wat it btitengebiet oangiet binne dat tema's lyk as:
it btitengebiet as agrarysk produksjegebiet
de ltinskiplike kwaliteiten fan it btitengebiet;
it btitengebiet as wengebiet;
frijkommende eardere agraryske bedriuwsgebouwen;
oergongsgebiet tusken btitengebiet en de doarpen;
bestimmingsplansystematyk: beskriuwing yn haadlinen yn stee fan detaille
arre bestimmen.
Wy stelle foar te besluten om mei it wurk te begjinnen.
De kosten fan Stiens - Aldlan komme foar rekken fan it grtinbedriuw.
Foar 1994 is 90.000,-- rtisd foar de feroaring fan in tal bestimmingsplan
nen.