GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 10 Agindapunt10 Foarstelnd.96/20 Stiens, 20 febrewaarje 1996 Underwerp ferkeap grdn by de j achthaven te Britsum oan de hear B. Tienstra Oan de gemeenteried Begjln 1995 is in besldt nommen oer it fersyk fan de hear Tienstra ta fer- keap fan in stripe grdn by de jachthaven te Britsum. Dat wie foar de oanlis fan in spielplak foar it Sfspuitsjen fan boaten. It kolleezj e hat destiids besletten om net ta ferkeap fan de dndergrdn oer te gean, mar de stripe grdn troch de wei fan ferhier yn gebrdk te jaan oan de hear Tienstra. De motivaasje om net ta ferkeap mar ferhier oer te gean is sa: De dndergrdn fan de haven mei kademuorre en de tagongsdyk oan it pan ta fan de hear Tienstra is fan de gemeente en yn hier jdn oan de KlompskippersOp it terrein fan de hear Tienstra is in kraan, boteferheging en in wurk- pleats It gehiel wurdt op dit stuit yn in goed oparbeidzjen eksploitearre tusken de Klompskippers en de hear Tienstra. Mocht der lykwols op termyn in breuk komme yn dat meilnoar oparbeidzjen dan soe it mooglik wlze kinne dat de Klompskippers in eigen spielplak oanlizze moatte. Mei it each op de beheinde romte en de earste oanfraach fan de hear Tienstra is der net genoch romte foar in mooglik twadde spielplak. Om dy reden is begjin 1995 besletten om net ta ferkeap fan in gruttere stripe grdn oer te gean. By de meast resinte oanfraach giet it om in oanmerklik lytsere stripe grdn. De oerbleaune romte by de kade lans jout gendch romte om -as dat nedich is- der in (twadde) spielplak oan te bringen. Op grdn fan dy riddenearring hat it kolleezj e fan boargemaster en wethdl- ders posityf besletten oangeande it fersyk fan de hear Tienstra. Wat de ferkeap oangiet wurde in tal betingsten steld:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 72