GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist 5 Utstelntimer: 96/72 Stiens, 19 juny 1996 Underwern Ferkearsedukaasj ebromfytskursussen Oan: de rie Fan 1 juny lSstlyn 6f moat elkenien dy't op in bromfyts of snorfyts rydt, in bromfytssertifikaat of in jildich rydbewiis sjen litte kinne. Derfoar moat men in teorie-eksamen by it Sintraal Buro Rydfeardigens- bewizen (CBS) dflizze. Fan it CBR tit wurdt it sertifikaat ek by de Rykstsjinst Weiferkear yn Feandam registrearreDat is it gefolch fan it yn it wurk setten fan haadstik 6 fan de nije Wegenferkearswetj ou- wing 1994. Om't brom- en snorfytsers meastentiids oer te min kennis en feardigens beskikke om feilich oan it ferkear diel te nimmen binne sy yn ferhtilding mear by tingemakken belutsen. It giet hj ir faak om jongere ferkearsdielnimmers Foar de Stifting Befoardering Ferkearsedukaasje (SBV) hat dat l§ste oanlieding west in bromfytskursus op te setten en oan te bieden. Oanslutend op it boppesteande miene wy dat in ferkearsfeiligensbelied fan in gemeente net allinne beheind bliuwe moat ta it treffen fan maatregels oan en op 'e dyk. Der kin fan 'e gemeente tit ek in ferkearsedukatyf belied fierd wurde, en dan meinammen yn 'e rjochting fan de kwetsbere jongere ferkearsdielnimmers (de bromfytsers)Sa'n kursus fan de SBV, as niisneamd, sjogge wy yn dat ramt dan ek as in goede tarieding foar it heljen fan it offisjele bromfytssertifikaat by it CBR. Boppedat krije dielnimmers oan 'e kursus in koarting fan 25% op harren bromfytsfersekeringStatistysk is al oantoand dat it tal tingemakken by dielnimmers oan bromfytskursussen leger leit as by net-dielnimmers In kursus hat op syn heechst 16 dielnimmers, dy't elk in eigen bydrage fan 25,-- betelje. De WIL is ree dy kursus yn tis gemeente te organi- searj en. De kosten fan in bromfytskursus binne 2.500,--. De provinsje fer- lient in subsydzje fan 1.250,--. It bedrach fan 1.250,-- dat dan noch oerbliuwt kin ten leste brocht wurde fan de reservearring ferkearsprojekt Ljouwerteradiel/Ferwerteradiel"Wy binne ree foar it seizoen 1996/1997 in finansjele bydrage oan twa bromfytskursussen te leverjen. Medio 1997 moatte dy bromfytskursussen dan evaluearre wurde en moat der in titspraak komme oer it struktureel ynfoljen fan dy kursussen mei yngong fan 1997/1998 fia de gemeentebegrutting.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 17