GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt: 14 Foarstelnd. 96/81 Stiens, 13 juny 1996 Underwerp ferkeap grdnen oan de hear Joh. de Boer Koarnjum Oan de gemeenteried Yn de gearkomste fan novlmber 1995 hawwe wy ds foarstel ynlutsen oangeande de ferkeap fan 2 perselen gersldn oan de hear Joh. de Boer te Koarnjum. Dat mei it doel om neier te oerlizzen mei de keaper oangeande in op te nimmen bepaling oangeande it ferrekkenjen fan oerwearde by mooglike lettere ferkeap fan de grtinen. Nei it holden oerlis moatte wy jimme meidiele dat de keaper beswier makket tsjin it opnimmen fan sa'n klausule. Neffens him binne de Gnderhannelingen fierd en ofrdne op it stuit dat de wet it opnimmen fan sa'n klausule tit- sleat. Benammen om't hy ynstimd hat mei it opnimmen fan in part fan de wearde fan it molkkwotum yn de priis, achtet de keaper de oerienkommen priis wol reeel. It stanpunt fan de keaper yn omtinken nommen en fierders it feit dat de ferkeap past binnen it utstippele belied ta it dfstjitten fan net rendabele grunen, wolle wy jimme foarstelle om it besltit te nimmen ta ferkeap fan de oanbelangjende grdnen neffens As earder oanlevere foarstel. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 44