Sprekkers binne tefreden oer de oanset ta realisaasje fan de ferljoch- ting. Wethdlder Jansma ljochtet de bydragen fan belde ferienings ta. Tenei sil ferienings mear tiid bean wurde om in beslht te nimmen oangeande in finansjele bydrage. Sflnder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 14Utstel oangeande de ferkeap fan it "Studio-Gebou" oan de Kakewei vn Stiens 96/67 - 1872 m. Ddroer komme oan it wurd: frou Haites en de hearen Fokkema, Dijkstra, Poortinga, Boersraa, EkasLageweg, Admiraal, Bijlsma, Ketellapper, wethilder Klaassens en de foarsitter. Frou Haites en de hearen Fokkema en Admiraal binne it iens mei it foarstel. Yn de kommisje Wolw§zen wie konsensus berikt oer behald fan it tsjerklik karakter fan it gebou en it finansjeel temjittekommen oan de Minniste Gemeente yn dizze omstannichheden is dan ek hiel wol reedlik en te ferdigenjen. De hear Dijkstra fynt it betingst c., nml. dat ferhier oan tredden allinnich mooglik is as soart dependans fan it Kultureel Sintrum "De Skalm"te beheind en wol dat betingst feroarje c.q. ferromje. De hear Poortinga fynt dat de Gnderhannelingen fan it kolleezje net saaklik west hawwe. De krityk fan de kommisje Wolwezen is d§r net foldwaande yn meinommen. Fierder is it motyf fan efterstallich dnderhald brdkt om de priis nei Gnderen te heljen. Hy konkludearret ek dat it subsidiearjen fan tsjerken gjin gemeentlike taak is. De hear Boersma is foar it foarstel en lit d§rby prinsipe en foarkar prevalearje boppe finansjes. De heer Ekas gaat akkoord als het plegen van achterstallig onderhoud wordt uitgevoerd in overleg met Gemeentewerken. Zo wordt zekerheids- stelling voor de toekomst gegarandeerd. Wethouder Klaassens zegt dat continuatie van een zinvol gebruik van Studio voorop heeft gestaan. Met de Doopsgezinde Gemeente is onder- handeld binnen de door de kommissie Welzijn gestelde marges. Het door de gemeente voor dezelfde prijs kunnen terugkopen van het gebouw biedt voldoende garantie en is voor het college doorslaggevend geweest. Het stellen van extra voorwaarden is dan ook niet reSel. Overigens hebben de kerken zelf geen problemen met de voorwaarde dat verhuur aan derden via DISK loopt. De hear Bijlsma stelt foar om de formulearring fan betingst c. te feroarjen yn: "ferhier oan tredden is mooglik as soart dependans fan Kultureel Sintrum "De Skalm" yn oerlis mei de Stichting DISK. Dy Stichting hiert dan oeren yn it "Studio-gebou" Dat foarstel wurdt mei 8 tsjin 5 stimmen fersmiten. Foar it foarstel stimme de hearen Bijlsma, Dijkstra, Poortinga, Ketellapper en Ekas. De oare leden binne tsjin. Uteinlik wurdt it kolleezjefoarstel unanym oannommen, mei de oanteke- ning dat betingst c. foar de FNP net akseptabel is. 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 8