GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 8 Agindapunt: 8. Foarstelnu96/132 Stiens, 10 desimber 1996 Underwerp utjefte bougrun Aldeleie Oan de gemeenteried Al jierren leit it bouterrein oan It Skoalpaed yn Aldeleie te wachtsjen op bouaktiviteiten. Ferskate kearen is besocht om in bouplan fan de grun te krijen. Sa hat de wenningbouferiening B.W.L. al ris in bouplan Qntwikkele. Tige resint noch hat it bedriuw Vestia besocht om wenten op dat terrein te ferkeapjen. It hat allegear neat opsmiten. Troch de geunstige rintestan en de dermei gearhingjende fraach nei wenten fynt it kolleezje dat it no tiid is om mei safolle mooglik ynset te kommen ta bouplanuntwikkeling Om de ynset fan alle belutsene partijen te mobilisear j en hat der in mienskiplik oerlis west mei it boubedriuw Kootstra van der Veen ut de Harkema, de feriening doarpsbelangen fan Aldeleie en de gemeenteIt doarp wit ommers as gj in oar hokfoar bouplan it measte sukses hawwe kin. It petear mei doarpsferiening Aldeleie hat resultearre yn in bouplan,dat as skets by dit foarstel dien is. Derby is oanjQn dat de keapsom fan in wente net heger weze mei as 170.000,--. Sawol de doarpsferiening Aldeleie, de bouwer as it kolleezje hawwe it folste fertrouwen yn in goede untwikkeling fan dy lokaasje troch de ynset fan alle partijen. De bouwer is derby ree om twa fan de 4 wenten, dus ien blok, en de fundearring fan it twadde blok op foarhan, foar 1 april 1997 te realisearj en Om de neamde maksimale keapsom fan de wenten realisearje te kinnen en om it risiko fan untwikkeljen net alhiel by de bouwer Qnder te bringen, wolle wy jimme foarstelle om de jildende grunpriis fan 55,-- eksklBTW te ferleegj en ta 47- - de m2 ekskl. BTW. Dat bets jut foar it grdnbednuw m opbringst fan sirka 87.000,--. De negative boekwearde foar dizze eksploitaasje bedraacht op dit stuit f 144.669,--. Rekken haldend mei boppeneamde opbringst restearret in boek wearde fan sirka 57.669,--. Foarsteld wurdt om dy boekwearde foar rekken te bringen fan de algemiene reserve fan it grunbedriuw. Dermei restearret noch in reserve fan sirka 100.074,-- (ekskl. komutlis) Fierders hoecht troch dizze utjefte de jierlikse rintelest fan die plan net mear te drukken op de begrutting fan de algemiene tsjinst. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 26