GEMEENTE
LEEUWARDERADEEL
Agindapunt: 13.
Foarstelnumer96/137
Stiens, 10 desimber 1996
Underwerp
oanfraach kest 74 WBU
Oan
de gemeenteried
It bestjoer fan it VCBO hat in oanfraach yntsjinne op grdn fan kest 74
WBU foar de oanskaf fan 2 matten foar it beukergimmestyk.
Sy hawwe dy oanfraach yntsjinne yn septimber lestlyn. Om 't de WBU
feroaret op 1 jannewaris oansteande yn ferban mei de desintralisaasje
husfesting, is in Wiziging fan de Wet publisearre yn Staatsbled 402.
Der stie yn dat oanfragen, yntsjinne nei 1 septimber buten behanneling
bliuwe koene
Dat soe betsjutte dat de oanfraach net behannele wurde hoecht.
Wy hawwe lykwols besletten dizze oanfraach as leste te beskogjen, mar
derby wol mei klam steld dat it hjir om de iennichste oanfraach giet,
der 't wy sa'n utsundering foar meitsje.
Wy soene jimme rie dan ek utstelle wolle de frege meiwurking te
ferlienen.
De riedskommisje wolwezen kin har mei it utstel lyk fine mar stelt mei
klam dat dit de leste utsundering wurdt
Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel
de siktaris,
de boargemaster,
J.J. KINGMA
MR. C. BIJL