Frou Haites merkt op dat har fraksje in (mooglike) ferheging fan de omropbydrage op 'e nij bepraat hat en der gjin foarstanner fan is. In ekstra subsydzje sa't no foarsteld wurdt, wurdt as mear demokratysk sjoen. Fierder seit hja in mooglik oparbeidzjen mei Ferwerteradiel mei belangstelling folgje te sillen. De hear Ekas makket dudlik dat syn fraksje it fan grut belang achtet dat de gemeente in eigen lokale omrop hat. Hy draacht dy media in waarm hert ta. Syn fraksje is ek net foar opslach fan de omropbydrage. De ferheging fan de subsydzje foar 1997 is akseptabel. As leste freget hy nei de gearwurking mei Ferwerteradiel en de stan fan saken oangeande de rinteleaze liening. De hear Fokkema seit dat er akkoart gean kin mei it foarstel. Syn fraksje stiet posityf foar de rinteleaze liening oer; ien en oar moat lykwols wol fan te foaren ofhingje fan de untwikkeling oer in mooglike fuzy. Wethouder Klaassens constateert dat de raad in kan stemmen met het voorstel. Het bestuur heeft gevraagd om verhoging van de renteloze lening zodat zij meer armslag heeft voor het doen van investeringen. Op dit moment is zowel het bestuur van de lokale omroep als de gemeente in contact met Ferwerderadeel. Mocht op termijn een nieuwe situatie ontstaan dan zal het college met een uitgebreid voorstel, waarin opgenomen de aspecten investeringsplan, renteloze lening, naar de raad toekomen. Neemt dit echter langer tijd dan zal het verzoek m.b.t. de renteloze lening eerder worden behandeld. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 13. Oanpak tariven snortakkommodaasies 97/39 - 2835 m. Der komme de hearen De Vries, Dijkstra, Admiraal en wethalder Jansma oer oan it wurd. De leden geane akkoart mei de taryfsferheging fan de sporttariven. De hear De Vries merkt op dat oangeande dy foarsjennings elke gemeente wer oare utgongspunten ken en dat dus net sundermear in ffijbrief is. It simmerseizoen spilet der ek in rol by. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje in lytse ferheging akseptabel fynt. Hy wiist yn dat ferban ek nei de algemiene beskogings weryn't syn fraksje frege hat nei in oersicht fan de kosteferdieling foar de sportfoarsjennings. De hear Admiraal merkt op dat syn fraksje it op priis stelt om te sjen nei de ferhalding kosten-baten tusken de ferskillende sportfoarsjennings yn de gemeente. Wethalder Jansma makket dudlik werom't it kolleezje keazen hat foar in lytse taryfsferheging. Yn oare gemeenten lizze de prizen heger. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. De voorzitter zegt toe dat op het kosten-batenoverzicht van de sportvoorzieningen wordt teruggekomen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 10