GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 3 Agindapunt: 3. Utstelnumer: 97/70 Stiens, 17 juny 1997 Underwerp: feststellen tariedingsbeslut fam. Herder, H. Hearewei 43, Stiens Oan de gemeenteried De famylje Herder, Hege Hearewei 43 yn Stiens hat by us in oanfraach om fergunning yntsjinne foar it setten fan in nije wenning, dy't se sette wolle neist har besteande wenning. By dy yntsjinne oanfraach om fergunning ha sy skriftlik ferklearre dat de besteande wenning fuortendaliks sloopt wurde sil, at de nije wenning klear is. It jildende plan butengebiet stiet it foamommen bouplan net ta. De wenrnng sil buten it boublok boud wurde. It bouplan soe wol realisearre wurde kinne binnen de bepalings sa't dy yntusken opsteld binne yn it foaruntwerp fan it nije bestimmingsplan butengebiet. Hoewol't noch gjin ijochtskreft untliend wurde kin oan dy bepalings, miene wy dochs dat it ferantwurde is yn dit gefal foanit te rinnen op dit nije plan. Wy binne derom ree meiwurking te ferlienen oan dat bouplan. Meiwurkjen is allinnich mooglik neffens in kest 19 proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme rie it beslut nimt, dat foar dat stik grun in nije bestimming taret wurdt. Bygeand fine jo in konsept-beslut mei byhearrende tekenings. Wy stelle jimme ut dat beslut te nimmen en derby te besluten it fierder ofhanneljen fan de kest 19 proseduere oan us kolleezje oer te litten. De kommisje D.O.W. hat mei us utstel ynstimd. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 17