GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4 Agindapunt: 4. Utstelnumer: 97/71 Stiens, 18 juny 1997 Underwerp: feststellen tariedingsbeslut S.A. Jansma, Tsjessingawei 11, Jelsum Oan: de rie De hear S.A. Jansma, Tsjessingawei 11 yn Jelsum hat by us in oanfraach om fergunning yntsjinne foar de bou fan in bygebou, as ferfanging fan syn besteande gebouwen. It jildende plan butengebiet stiet it foarnommen bouplan net ta. De grun hat in wenbestim- ming, mar it bouwurk is pland buten it boublok. It bouplan soe wol realisearre wurde kinne binnen de bepalings dy 't wy yn 'e holle hawwe foar it foaruntwerp fan it nije bestimmingsplan butengebiet. Yn dat nije plan sil gjin boublok mear oanjun wurde. Oer de maten fan bygebouwen by wennings stelle wy us foar dat de opperflakte fan in wenning mei oan- en bygebouwen net grutter weze mei as 200 kantige meter, at it besteande opperflak net al grutter is. De besteande sitewaasje is yn dit gefal al grutter. By nijbou bliuwt dy opperflakte sawat gelyk. It nij te bouwen gebou wurdt justjes grutter as gefolch fan in mear praktyske ynrjochting fan it terrein. De bouhichte fan bygebouwen mei yn it nije plan op syn heechst 6 meter weze, de goathichte op syn heechst 3 meter. It bouplan foldocht oan dy foarskriften. Hoewol 't noch gjin rjochtskreft untliend wurde kin oan 'e bepalings fan in nij plan butengebiet, miene wy dochs dat it ferantwurde is yn dit gefal foarut te rinnen op dat nije plan. De kommisje D.O.W. hat oer it foarlizzende bouplan de neikommende fragen steld: a. is de hjoeddeiske bebouwing legaal boud? b. wat binne de aktiviteiten dy't yn de bebouwing plakfine? Hjir kin it neikommende op antwurde wurde. by a. Foar (in part fan) de bebouwing is gjin fergunning ferliend. Wol is dy bebouwing al sunt in tal jierren bekind by de gemeente. Wy moatte feststelle, dat de bebouwing der al sa lang stiet, dat de gemeente net mear mei sukses in oanskriuwing ferstjoere kin om it yllegale bouwurk of te brekken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 19