17 GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Wurklistnumer: 17 Utstelnumer: 97/84 Underwerp: Stiens, 25 juny 1997. Beneaming kommisje fan undersyk oangeande de gemeenterekken fan 1996 Oan de gemeenterie It wurk oangeande it gearstallen fan de gemeenterekken oer it jier 1996 is fierhinne klear. Mei VB Accountants is in nije ofspraak makke om op 28 july o.s. de rekken te kontrolearjen. Yn earste ynstansje soe dit plak fine yn juny, mar fanwege fakansjes is dizze ofspraak opskood. It kontrolerapport wurdt yn augustus o.s. ferwachte. Neffens kest 49 fan it Reglemint fan Oarder heart de rekken undersocht te wurden troch in kommisje fan teminsten trije leden dy't troch de foarsit- ter fan de rie derta oanwiisd wurde. Neidat de kommisje fan undersyk oer de rekken te set west hat, soe it mooglik weze kinne de feststelling yn de riedsgearkomste fan takomme augustus te behanneljen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J.KINGMA MR.C.BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 65