GEMEENTE
LEEUWARDERADEEL
1A
Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 maaie 1997
Oanwezich: de hearen J.W. Admiraal, G.J. Fokkema, A. Dijkstra, D. Bijlsma,
H.A.J. Boersma, J. de Vries, W. Ekas, R. Ketellapper, B. Lageweg en
drs. G. Poortinga en de wethalders de hearen S. Jansma en B.H. Klaassens
Ofwezich mei kundskip: frou F. Haites
Foarsitter: de hear Mr. C. Bijl
Siktaris: de hear J.J. Kingma
Ban I - 0000
1. It feststellen fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 24 april 1997
Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Admiraal, Poortinga, Bijlsma, wethalder
Klaassens en de foarsitter.
De hear Admiraal seit dat sin Fierder freget personielsbesetting" op side 2 it
wurd "kritisch" krekt likegoed negatyf as posityf bedoeld is. Yn dat ferban doelt er op
de relaasje personiele besetting en slutingstiid/tiden.
De hear Poortinga freget by punt 2 at it brief fan de hear Tienstra al behannele is. De
voorzitter antwoordt dat de brief moet worden toegevoegd aan onderdeel D hetgeen
inhoudt dat deze nog niet is afgehandeld. De hear Bijlsma heakket der yn in reaksje
oan ta dat er in soarchfaldige behanneling mei gauwens foarstiet. Yn dat ferban
ferwiist er nei de behanneling fan it underwerp yn 'e kommisje en it antwurd fan it
kolleezje. De hear Jansma antwurdet dat it punt yn 'e earstkommende kommisje
DOW op 'e nij agendearre wurde sil. Boppedat is de sitewaasje wat wizige. It
wachtsjen is noch op in advys.
Oer punt 6 dielt de hear Poortinga mei dat er tsjin it utstel stimd hat.
De hear Bijlsma seit by punt 11 dat hy yn dy gearkomste oandacht frege hat foar de
posysje fan de Wereldwinkel. It kolleezje hat yn dy gearkomste in tasizzing dien.
-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-
1