Ferkearsstruktuerskets
97/57 - 0551 m.
Der komme de hearen Poortinga, Bijlsma, Lageweg, Admiraal, wethalder Jansma en
de foarsitter oer oan it wurd.
De hear Poortinga fynt dat it utstel net wurket oan in beliedsfisy. Der is heechut
sprake fan in knelpuntenynventarisaasje. Ek hat er begrepen dat in bepaalde kommisje
har ynbring yn it utstel net weromfine kin. Hy kin him dan ek net lykfine mei it
utstel. Der moat earst in goede ynventarisaasje komme.
De hear Bijlsma konstatearret dat it utstel net oars is as by de behanneling yn de
kommisje. It utstel jout de hjoeddeiske stan fan saken wer. De kosten dy't makke
wurde moatte foar in ynventarisaasje achtet hy net just. Hy ferwachtet mear in
takomstfisy. De no oanhelle oplossings fynt hy te beheind en der kin hy net safolle
mei. Hy hie leaver in folslein plan han, mei alle "ins en outs". De hear Lageweg hat
ut de stikken opmakke dat de skets noch makke wurde moat. Hjir kin praat wurde oer
in offerte. De uteinlike untwikkeling fynt yn nau oerlis plak mei de ferskate
belanghawwenden.
De hear Admiraal seit akkoart te gean mei de troch it kolleezje utstelde oanpak, dy't
ferwurde is yn it utstel. It ferfolch moat wol breder utfierd wurde.
Wethalder Jansma antwurdet dat de haadlijn no te sjen is. Yn nau oerlis mei ferskate
groepen, lykas Ferkearskommisje, Pleatslik Belang, sil de neiere utwurking plak ha.
De voorzitter merkt op dat hij tijdens de commissiebehandeling niet de indruk heeft
gekregen dat de mening van de vertegenwoordigers niet goed zou zijn overgekomen.
Tot slot geeft hij de basisfunctie van een structuurschets aan.
It utstel fan it kolleezje wurdt mei 8 stimmen foar en 3 stimmen tsjin (D'66 en FNP-
fraksje) oannommen.
Ferkearsremmer Feinsum
97/58 - 0946 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Bijlsma, Admiraal, Poortinga en
wethalder Jansma.
Praat wurdt oer it utfieren fan de remmer. Advisearre wurdt net inselde remmer te
pleatsen as yn Aide Leie. De hear Poortinga jout oan dat der ek oare mooglikheden
binne, lykas fisuele fersmellings fan de dyk. Wethalder Jansma merkt op dat de
sitewaasje yn Feinsum in ferkearsremmer needsaaklik makket. De ynwenners en
doarpsbelang geane akkoart mei it utstel.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.