GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist: 5. Utstelnumer: 97/88 Stiens, 21 augustus 1997 Underwerp: Ynrjochtsjen tredde beukerlokaal IBS "De Jint" Oan: de rie De direkteur fan IBS "de Jint" hat krekt foar de skoalfakansje in fersyk yntsjinne om nei de simmerfakansje in tredde beukerlokaal ynrjochtsje te meien. Wy hawwe jimme fan dat fersyk kunde makke yn jimme gearkomste fan 26 juny lestlyn. De direkteur ffeget soks oan, om 't it learlingoantal fan de groepen 1, 2 en 3 fan de Jint" in eksplosive groei trochmakket. Ut de prognoses docht bliken dat de skoalle yn alle gefallen de kommende 6 jier middele noch wol itselde tal bem halde sil as der t no hinne groeid is. Foar it ymjochtsjen fan sa'n tredde beukerlokaal is neffens offertes dy't gemeente- wurken opfrege hat, in bedrach nedich fan 9.647,75 ynklusyf b.t.w. Dat bedrach kin ten leste brocht wurde fan de reserve "ferfangen en oanpassen meubilair". De Riedskommisje Wolwezen kin har mei it utstel lykfine. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 19