GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 8 Nu.: 8. Agindapunt: 97/91 Stiens, 21 augustus 1997 Underwerp: feststelling tariedingsbeslut Oan de gemeenteried De hear T.H. Annema, Stienzer Hegedyk 30 hat by us in oanfraach om fergunning yntsjinne foar de bou fan twa fleispikestalen as twadde takke by syn agrarysk bedriuw. It jildende bestimmingsplan Butengebiet stiet it bouplan net ta. Sa as bekend, is yn it jildende bestimmingsplan Butengebiet, ferskil makke tusken agraryske bedriuwen en bysundere agraryske bedriuwen. De festiging fan in yntinsive feehalderij is net mooglik sunder it fieren fan in frijstellingsproseduere eks. artikel 11, dan wol artikel 19 fan de Wet op de romtlike oardering. It fersyk fan de hear Annema is te ferlykjen mei it fersyk dat koartlyn troch maatskip Pollema te Aldeleie dien is, en der't jimme ried yn de gearkomste fan juny 1.1. in tariedingsbeslut foar nommen hat. Neffens us destiids oan jimme utbrocht foarstel, binne wy yn dit gefal ek fan miening dat meiwurking oan it plan ferantwurde is. Wy hawwe derby oantekene dat mei de hear Annema binende ofspraken makke wurde moatte sille oer de beplanting om de gebouwen hinne. Wy stelle jimme hjirby dan ek foar om it beslut te nimmen dat foar oanbelangjend perseel in nije bestimming taret wurdt en derby te besluten om oan us kolleezje de fierdere hanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. Bygeand treffe jimme in konsept beslut oan, mei de tekening dy't der by heart. De kommisje D.O.W. hat mei dit foarstel ynstimd. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 22