y GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Nu.: 9. Foarstelnu.: 97/92 Stiens, 21 augustus 1997 Underwerp: feststelling tariedingsbesliit Oan de gemeenteried De hear W. Nauta, Holwoartelstrjitte 2 te Koamjum hat by us in oanfraach om fergunning yntsjinne foar de bou fan in tiinskuorke, te bouwen efter de wenning. It jildende bestimmingsplan Butengebiet stiet it foamommen bouplan net ta. De wenning fan de hear Nauta te Koamjum is yndertiid troch de wei fan in artikel 19-proseduere realisearre yn it ramt fan de ferfangende wenningbou foar it streekje 'Het Haantje'. Omdat it bestimmingsplan op dat plak noch net oanpast is, moat foar it no winske skuorke ek in artikel 19-proseduere fierd wurde. Wy merke trouwens op dat wy de stedeboukundige al opdracht jun hawwe om mei de oanpassing fan bedoeld plan ut ein te setten. It bouplan sil passe binnen dat nije plan, omdat it foldocht oan de 'bygebouweregeling' sa't dy yn nije plannen opnommen wurdt. Wy binne derom ree om meiwurking te ferlienen oan dit bouplan. Derfoar is it needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar oanbelangjend perseel in nije bestimming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in konsept beslut oan mei de tekening dy't der by heart. Wy stelle jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan lis kolleezje de fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. De kommisje D.O.W. hat mei lis foarstel ynstimd. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 24