GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan 26 iunv 1997 Oanwezich: de hearen J.W. Admiraal, G.J. Fokkema, A. Dijkstra, drs. G. Poortin- ga, H.A.J. Boersma, J. de Vries, mevrouw F. Haites, de hearen B. Lageweg, R. Ketellapper en de wethalders de hearen S. Jansma en B.H. Klaassens. Ofwezich mei kundskip: de hearen D. Bijlsma en W. Ekas. Foarsitter: de hear mr. C. Bijl. Loko-siktaris: de hear G. Dijkstra. Ban I - 0000 -0-0-0-0-0-0-0-0-0-0- 1. Feststellen fan de beslutelisten fan de gearkomsten fan 29 maaie en 10 iunv 1997 Der komme de hear Boersma en de foarsitter oer oan it wurd. De hear Boersma seit oangeande it ferslach fan 29 maaie dat de sin op side 6 "Dochs underskriuwt hy de moasje..." ferfongen wurde moat troch "Mei derom underskriuwt hy It ferslach wurdt mei achtslaan fan de opmerking fan de hear Boersma feststeld. It ferslach fan 10 juny wurdt unferoare feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings A. 1: gjin opmerkings. B. 1 o/m 4: gjin opmerkings. C. 1 o/m 4: punt 3. skriuwen VB Accountants oangeande rapport kontrole jierrekken 1996. De hear Dijkstra freget oft der yn de kommisje ABZ noch utlis oer jun wurde kin. D. 1: skriuwen CD A, sekretariaat Drylts, oangeande ofspraak litfieren model konvenant bestjoerlike femijing. De hear De Vries freget dat punt yn de kommisje ABZ op it aljemint te bringen. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 5