De hear Dijkstra wiist der op dat men as eigner fan de grun ek kosten hat dy't men as hierder net hat. It foarstel liket te moai. Der merkt de foarsitter oer op dat alle kosten as eigner meinommen binne yn de kosteberekkening om al of net oan te keapjen. De hear Ketellapper seit dat allinnich al om net winske untjouwingen foar te kommen dy grun oankocht wurde moat. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it foarstel fan it kolleezje besletten. Foarstel oaneeande SAVE rapportaazie dekkingsplan branwacht 97/74 - 1100 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it foarstel fan it kolleezje besletten. Foarstel oaneeande bemeopfang buten de skoaloeren 97/75 - 1150 m. Der komme de hearen Poortinga, Boersma, frou Haites, de hearen Dijkstra, Admiraal, Ketellapper, Lageweg, De Vries, wethalder Klaassens en de foarsitter oer oan it wurd. Alhoewol't alle sprekkers uteinlik akkoart geane, hawwe de measten op foarhan muoite mei de tiidsdruk der't it beslut under nommen wurde moat en ropt it foarstel in soad fragen op. Oer it fenomeen sels -bemeopfang buten de skoaloeren- rinne de mieningen fan de sprekkers ek net alhiel parallel. De hear Poortinga fynt dat de bem troch de alden opfied wurde moatte en hy giet wiidweidich 3m op de negative aspekten dy't it "utbesteegjen" fan de bem hawwe kin. Hy sjocht de bemeopfang dan ek as in needsaaklik kwea. De hear Boersma jout oan dat de WD mei it subsidiearjen fan de bemeopfang in pear jier lyn ek al net gelokkich wie en dat hy as ferfolch op dy diskusje no ek leaver ynfolling fan it gastalderprojekt sjoen hie. De hear Dijkstra is it der mei iens en giet derby sa fier dat hy pleitet foar it ynluken fan it foarstel om de mooglikheid fan it gastalderprojekt noch ris goed tinder de lup te nimmen. Frou Haites seit dat it CDA akkoart giet mei it foarstel dat sjoen wurdt as in logysk ferfolch op de besteande foarsjennings en dat in goede opfang garandear- ret foar alden dy't der op oanwiisd binne. De hear Admiraal fynt de opfang buten de skoaloeren ek in logyske en kwalita- tyf goede oansluting op de bemeopfang, al moat it gastalderprojekt as altematyf ek besjoen wurde. De hear Ketellapper seit dat de foarsjenning ek in oplossing betsjut foar ienalderhushaldings. Hy giet der fierder fan ut dat "staffel" bysteld wurdt en dat de subsydzje de earste jierren kostedekkend is. Yn in fierdere wiidweidige diskusje komt benammen it flnansjele aspekt oan bod en wurde ferskate fragen steld der't wethalder Klaassens yn syn riddenaasje neier op yn giet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 8