GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 8 Agindapunt: 8. Foarstelnu.: 97/130 Stiens, 18 novimber 1997 Underwerp: skriuwwize strjitnammen Oan de gemeenteried Nei't koartlyn bliken dien hat, binne der in tal riedsbesluten oer stjitnamjouwing dy 't fragen oproppe oer de skriuwwize. Het is wis dat yn inkele (aide) riedsbesluten de nedige typeflaters steane. Yn oare besluten is op sa'n wize skrast dat ien en oar net mear dudlik is. Ta einbeslut binne der strjitnammen der't alhiel gjin riedsbeslut fan werom te finen is. Undanks it feit dat de riedsbesluten yn it ferline net altyd like korrekt of dudlik ofhannele binne, binne de strjitnammen yn 'e praktyk wol goed ferwurke, bygelyks op 'e strjitnambuorden. Ek yn de automatisearre GBA en it eartiidse befolkingsregister binne de strjitnammen korrekt opnommen, sa't de rie se bedoeld hat. In grut tal nammen wurdt dan ek al (tsientallen) jierren sunder problemen brukt. Mar, formeel sprutsen, is it ien en oar net mei elkoar yn oerienstimming. De strjitnammen dy's skreaun steane yn'e list dy't op besjen leit binne yn de GBA opnommen. Soks haldt under oaren yn dat likegoed de ynteme as de eksteme ofnimmers dy skriuwwize hantearje. Foar de ofnimmers fan de GBA binne de gegevens ut de GBA bepalend. Om de teory yn oerienstimming te bringen mei de praktyk stelle wy jimme ut de skriuwwize fan de strjitnammen fest te stellen sa't oanjun is op de strjittenlist dy't op besjen leit. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de foarsitter, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 46