GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 11 Agindapunt: 11. Utstelnu.: 97/133 Stiens, 18 novimber 1997 Underwerp: ferfangen kniperbak Oan de gemeenteried De frachtwein fan gemeentewurken hat begin fan 't jier in nije laadbak krigen en in nije autolaadkraan. By dy oanpassing is yn earste ynstansje de kniperbak net ferfongen. Nei ferwachting soe dy mei in pear nije bleden wer mei de nije kraan funksjonearje kinne. No hat bliken dien dat soks net it gefal is. Derom is in razing frege foar herstellen fan dy bak. Dy kosten binne sa heech dat it oanskaffen fan in nije kniperbak rjochtfeardige liket. Troch twa bedriuwen is der in priis foar opjun. De leveransier fan de nije laadbak en de kniperbak is de leechste. Wy stelle jimme dan ek ut in nije kniperbak oan te skaffen. De kosten derfan, 6.200,--, kinne ten leste brocht wurde fan it traksjefuns. Foar mear ynformaasje ferwize wy jimme nei de stikken dy't op besjen lizze. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 54