Sommige gebieden sille noch oansletten wurde moatte op it rioel en unrendabele persielen,
dy't net op it rioel oansletten wurde kinne, sille neffens us temjitte kommen wurde moatte
yn de ynfestearings dy't de minsken sels dwaan moatte.
Wy hawwe ek sjen kinnen by de aktualisearing fan de begrutting 1997 yn de oktober
gearkomste fan 'e ried, dat der in dikke meifaller wie yn de foarm fan leges en
opbringsten bouwfergunnings. Undermear dertroch kaam it noch posityf ut. Mar it binne
wol saken foar ien kear, dy't noch efkes trochgean sille, mar dy't straks wol weifalle en
dan sit je begruttings technysk wol oan de ferkearde kant.
Wat binne de konsekwinsjes fan itjinge wat wy hjir nei foarren bringe wolle. Adekwate
oanpassing fan strukturiele oerskriedings nei de realiteit, mear kritysk weze, bettere
ofwagings meitsje nei nije saken, (dus net te lichtfeardich oergean ta it oanlizzen,
finansjeel meiwurkjen fan ferskate saken as bgl. in Jeu de Boules baan ensfh.) en noris
konsekwint it begryp ynfulle fan "nij foar aid" belied. Wy hawwe it de ofrune jierren faak
sein, mar neffens us is der neat fan op de hispel kommen. Slagget dat net, (nij foar aid)
dan moat je dat erkenne. En in funamintele diskusje oer in al of net automatisk trochfieren
fan de ynflaasje korreksje yn gearhing u.o. mei it al of net op nivo halden fan us
gemeentlike ambysjes en fan in algemiene reserve.
Begrutting 1998.
Foarsitter, it sil jimme net nij dwaan, dat wy it utstel om de begrutting sluten te meitsjen
mei in greep fan 53.000,00 ut de reserves net stypje kinne. Wy fine dit ek swak. Foarich
jier hie it kolleezje har sels oplein om in de rin fan it jier gans in bedrach te finen om de
saak yn it lykwicht te krijen. No doart men dat net opiens mear. En einlik snappe wy dat
wol, ik haw dat earder sein, de rek is der finaal ut. En dan kin je ek net skoare no? It
CDA is fan betinken, dat dit bedrach boppe wetter komme moat. Der sille dan ek besunige
wurde moatte en it CDA stelt dan ek de folgjende besunigings ut.
1. - 8.740,-- op de post representaasje. In stikje fersobering kin tinkt us, gjin kwea.
2. - 1.000,- op it net mear utjaan fan krystbeammen oan ynwenners, dy't in kavel
grun kocht hawwe yn Ljouwerteradiel.
3. - 10.000,- op it minder ynhieren fan utstjoerkreften en der foar yn't plak WSW-ers
te nimmmen. It mes snijt dan oan beide kanten, want ek wy binne mei
ferantwurdlik foar de begrutting fan Westergoa.
4. 24.480,-- om dit jier net mei te dwaan oan de wenbeurs "Huis 1998" Sjoen it feit
dat de minsken Ljouwerteradiel noch hieltyd goed fine kinne foar it keapjen fan
in kavel grun en de oanwezichheid fan it Ynfo-sintrum kin der best ris in jier
oerslein wurde. De wenningbouwers bliuwe ek wol adfertearjen om harren huzen
oan de man te bringen.
Tagelyk smyt dit ek jild op by gemeentewurken, om't der gjin personiel ynset
wurdt om bgl. de saak op te bouwen.
5. Foarljochting algemien: 10.000,—. Us foarljochter hat it ofrune jier der mear
taken bykriegen. It is dan frjemd, dat der net in foardiel untstiet yn de post
foarjlochting.
6. Gjin yntegrale opname fan de skogings yn de Stienser Omropper. Folstean mei in
koarte gearfetting yn de Steinser Omropper en belangstellenden kinne op fersyk
de skogings tastjoert krije. Dit smyt sa'n 2.500,— op.