Ek by de oanliz fan nije fytspaden sil dit aspekt meinommen wurde moatte. Foarsitter, oar jier run dizze tiid sil hjir fest in oare ried en kolleezje sitte. It CD A hat de ofrune jierren prebearre, op basis fan har eigen utgangspunten, mei te bestjoeren yn it belang fan de gemeente Ljouwerteradiel en harren boargers. Us lud wie der. It is oan de kiezer om dat lud noch sterker hearre te litten en dat sjogge wy yn maart dan ek wol. Foarsitter, mei ut namme fan myn fraksje-genoat Froukje Haites sprek ik tank ut oan alle meiwurkers fan it gemeentehus, wer't wy altyd telane koenen foar neiere ynfermaasje en fragen. En in fierder herstel tawinkse oan riedslid Ketellapper, sadat hy syn wurk en it riedswurk wer sa gau mooglik oppakke kin. Fierdere fragen It CDA is fan betinken, dat fanut Skilhiem en it gesinsferfangendtehus foar rolstoelgebrukers in gefaarlike en net dudlike oanjune route is nei de buorren. Wy soenen graach sjen, dat der in beweiwizering komt, sadat men feilich nei de buorren ta gean kin. Der soe in utstel komme om de kosten fan it fersnipperjen fan takken te beheinen. Wannear komt dat? De plysje docht in konstatearing, dat der einlik neat oan de ferkeasrsoerlest yn de buorren dien wurde kin. In brevet fan unfermogen wie us konstatearing yn de leste DOW- gearkomste. As it sa trochgiet, dan giet de VEON aanst ek om Stiens hinne, lyk as yn Hallum, Marrum en Ferwert. Wolle wy dat. It CDA net. Net in fraach, mar in opdracht oan de foarsitter fan dizze ried om der by de plysje op oan te trunen, dat sy der permaninte oandacht oan besteegje en net yn "projektmatige sfeai Der fanutgeande, dat der de kommende jierren gjin rekkenoerskotten binne, soe it CDA graach witte wolle, hokfoar bedrach der presys, neist de al opnommen 75.000,- yn de begrutting opnommen wurde moat om it sportkompleks it Gryn oer sa'n 6 jier wer fan de stifting oer te nimmen, sunder mei in fmansjeel gat sitten te bliuwen. Foar hoefier is de regelmjittige oerskriedings fan de begrutting no yn de begrutting oanpast? Wat is no de stan fan saken oangeande it sintrum fan Stiens. Hoe stiet it kolleezje tsjinoer us idee fan it oanlizzen fan in farferbining tusken it utwreidingsplan "it Aldlan" en de Feinsumerfeart en soe it kolleezje ek oan jaan kinne hokfoar boamen derfoar oanboard wurde kinne? Ut namme fan de CDA-fraksje Jouwert de Vries

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 13