WD-Lj ou werteradiel
Foarsitter. leden fan de ried, oanwezigen. harkers fan radio Middelse.
Doe't ferline jier de skogings halden waarden is de gemeentelike weryndieling dudlik oan
de oarder west. It like der op dat dizze saak ofblaasd wurde soe. Nou blykt lykwols dat it
gefaar noch net hielendal oer is. It fenomeen weryndieling wurdt sa no en dan wer ut de
kast helle. Ek no, wol ik wer op it ferskil yn belangen tusken stedsgemeentes en plat-
telansgemeentes wize. Gearwurking is nedich, gearfoeging is foar us unbesprekber. Mocht
der om wat foar reden dan ek dochs oer gruttere ienheden praat wurde moatte, dan giet us
foarkar dudlik lit nei in plattelansgemeente, mei foldwaande omfang en kreft. Fander us
positive benadering ta oansjen fan it G4 en G9 oerlis. Koartsein: Meii'noar berikke je mear
as tsjininoar. Der is in gritenijhus der stiet yn metsele: "Ienriedigens makket it lytse grut".
Yn us eagen sille jo as plattelansgemeente in eventuele weryndieling sa benaderje moatte.
Is it kolleezje mei us fan miening dat de hjir bedoelde gearwurking noch mear stal krije
moat, en sanedich fiergeande gefolgen net ut 'e wei te gean?
Elke gemeente seker ek Ljouwerteradiel hat in grut belang by in optimale inffastruktuer.
Dit wurdt seker no befestige troch de ferkearsgaos fan en nei Ljouwert. Alle dagen kinne
wy lit de media femimme wat de files foar ekonomyske gefolgen ha. Wy wurde twongen
om oare paden te nimmen. It befijemdet us dat der dan krekt. yn dyseide perioade
wurksumheden oan dizze diken plak fine moat. Is hjiroer ek oerlis mooglik yn it kader fan
de G4. Dan soe alles mear op inoar ofstemd wurde kinne.
Hoe as der ek oer de busbaan tocht wurdt, it hat wol ta gefolch dat der nou praat wurdt
oer de mooglikheden om ta in wegenstruktuer yn Noard Fryslan te kommen. Hjir moat it
Noard-West tangent in wichtige rol spylje. Foar hiel Noard Fryslan in halssaak. Is it
kolleezje mei us fan betinken dat men ek hjir meii'noar yn G4 en yn G9 ferban de
underhannelingsposysj e ferstevigje kin?
It underwiis is in belangrike gemeentlike taak. Hiisfestiging nimt yn dit gehiel in net te
underskatten plak yn. Plannen ta nijbou binne op dit stuit oan de oarder. Nei lis miening
moatte dizze plannen sawol praktysk as realistysk besjoen wurde. Hjirby moat de
lykweardigens fan sawol iepenbier- as bysunder underwiis foarop stean.
Yn Ljouwerteradiel is in foarsjennings oanbod dat der weze mei. Wy binne us bewust dat
der in priiskaartsje oan fest sit. Eltse fraksje yn dizze ried hat dat yn de beslutfoarming
mei wege litten, sa heart dat ek. Nou 't it bliken docht dat de kosten fan de SKalm heger
utfalle as earst raze, sil der wat barre moatte. Wy freegje us of, ha wy as gemeentebestjoer
wol realistyske easken steld oan dit stichtingsbestjoer?
Dit foaral ta oansjen fan in ekonomyske eksploitaasje. Foar us as gemeente kin it sa net
troch gean, mar dit jildt ek foar it bestjoer en personiel fan de stichting DISK. Op dizze
wize wurdt it wol demotivearjend, jo komme sa yn de delgeande spiraal en dat is krekt
wat we net ha moatte. Us fraach is dan ek, is it kolleezje mei us fan miening, dat we op
koarte termyn dizze saak oan de oarder ha moatte en as it net oars kin is it kolleezje dan
ek ree fiergeande foarstellen oan us as rie te presentearjen? De bongel oan de poat wurdt
sa te grut. Kin it kolleezje oanjaan yn hoe'n koart tiidsbestek as we yn dizzen tinke
moatte?
10