Der komt hiel wat op us ynwenners of, ik ha al oer de rioelbelesting praat en der by sein dat it wol lit deselde beurs komme moat, dit jild ek foar de oanpassing fan de krekt neamde tariven en unreplik guod belesting-oanpassing, dit bestjut dat der minder romte oerbliuwt. Dit betsjut ek dat wy yn de takomst diidlik prioriteiten stelle moatte, seker ta oansjen fan nij belied. Faker sille wy as wy nij belied wolle, aid belied der foar ynleverje moatte. Nei us miening sil de gemeente besykje moatte it sunder de foarstelde 2.8% unreplik guod belesting ferheging to dwaan. Dit betsjut net dat wy op de rem traapje wolle, allinne efkes op de koppeling, mei oare wurden wol troch rolje mar efkes tuike-tuike oan. Dizze maitiid ha wy ferkiezings, de foarige kear ha wy as WD en de oaren der op oan trune dat der yn Aide Leije in stemburo komme soe. Wy geane der no fan ut dat dat der no dan ek yndied fan komt. Ik tink dat dit de 15e kear is dat ik de skoging hald. Alle kearen oars, alle kearen wol mei deselde eftergun en dat is, dat wy opkomme wolle foar de belangen fan alle ynwenners fan us gemeente. Dat wy dat troch in liberale bril sjogge leit foar de han. Myn leste algemiene skoging wol ik beslute mei de hoop lit te sprekken dat ek nei de ferkiezingen yn maart myn stelregel like goed as no jilde sil: meiinoar berikke je mear as tsjininoar. VVD-fraksje, Hans Boersma Fragen oan it koleezie fan B W nei oanlieding fan de skogings fan de VVD-fraksie. 1. Is it kolleezje mei lis fan betinken dat de gearwurking tusken gemeentes op G4 en G9 nivo noch mear stal krije moat? Sanedich ek mei fjirder geande gefolgen?^ 2. Kin middels oerliz mei buorgemeentes foarkommen wurde dat wegen dy't as altematieve routes jilde ofsliiten wurde, omdat der oan wurke wurde moat. Dit yn it kader fan de berikberens fan Ljouwert. 3. Is it kolleezje mei lis fan betinken dat as der oer in wegenstruktuur mei in Noard West tangent as basis, der ek underhanele wurde moat as G4 of G9. In kreftich lud fan lit Noard Fryslan kin wichtich weze. 4. Kin it kolleezje in termyn oanjaan weryn de underhandelingen plak fine kirme om de tekoarten by de Skalm yn te damjen. 5. Hoe tinkt it kolleezje om te gean mei bedriuwen dy't troch doarpsiitwreiding te ticht by de bebouwde kom fan de doarpen komme te lizzen? 6. Kin it kolleezje tasizze dat hja op koarte termyn undersyk je wolle oft der in mooglikheid is foar lis om de kosten fan it offal per gewichtseenheid of te rekkenjen? 7. Is it kolleezje ree syn best te dwaan, te krewearjen dat by de reconstruksje fan it rioelstelsel de oerlest ta in minimum beperkt bliuwt?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 16