1998 is ek it jier dat de WIW - de Wet Inschakeling Werkzoekenden - utein set. Earder dit jier hawwe wy it beslut nommen in grut part fan de utfiering fan de WIW yn hannen te jaan de WOC/Perpectief. Wy bliuwe as gemeente wol ferantwurdlik foar it belied. Mei help fan de WOC/Perspectief en Arbiedsvoorziening RBA sille wy us best dwaan moatte om minsken oan de slach te krijen troch tydlik en leafst fest wurk. En mooglik ek troch minsken de kans te jaan as frijwilliger aktyf te wurden. Foar de jongerein sil dat fest makliker weze as foar alderen en dan bedoele wy mei nammen minsken dy't al langer ut it wurk binne. Om de ofstan nei de "arbeidsmarkt" net al te grut wurde te litten, sil it al in hiele toer sokke minsken sosjaal aktyf te halden, bygelyks troch frijwilligerswurk te stimulearjen. Yn dat ramt freegje wy it kolleezje dan ek nei te gean wat de mooglikheden binne om te kommen ta in saneamde ffijwilligerssintrale yn us gemeente. Pratend oer wurkgelegenheid binne wy fansels tige benijt wat dit regear dwaan sil mei de utstellen dy't de kommisje Langman lestendeis dien hat oer de efterstan fan it Noarden fan it lan. En dat ek as it giet om oplossings yn de sfear fan bettere ynfrastruktuer en yn it ferlingde derfan de ferkearssitewaasje om Ljouwert hinne. Acht kolleezje, riedsleden, harkers, In pear dingen wolle wy noch efkes by stil stean. Yn it foarste plak de bemeonfang. Der is dit jier in begjin makke mei de opfang fan bem buten de skoaltiden. Der is dudlik ferlet fan, sa hat al bliken dien. Ek sil nochris besjoen wurde oft it net mooglik is in gastalderprojekt fan de gran te krijen. Wy as PvdA bliuwe der foar pleitsjen dizze foarmen fan opfang as basis-foarsjenning te behanneljen. Op it punt fan de foarliochting fan wat der sa bart troch en fan ut de gemeentlike organisaasje binne wy ridlik tefreden as it giet om de berikberens fan it gemeentlik apparaat. De iepeningstiden binne wat beperkter, mar op ofspraak kin eltsenien lans komme. Dochs kin ien en oar noch wol wat better. As ik sjoch hoe t bygelyks de oankundigings fan de riedsgearkomsten yn de Stienzer Omropper dien wurde, dan kin dat tink ik ek wol oars. Wy noegje it kolleezje hjirby ut dat te dwaan sa t de gemeente It Bildt dat docht yn de Biltse Post. It foarbyld haw ik hjir by my. Wy binne tige ynnommen mei de utstellen foar de beswier- en beropskommisie, dy't in unofhinklike basis krije sil, leafst yn gearwurking mei us buorgemeente, al sil dit wol mear kosten meibringe. Kosten dy't nei us betinken wol opwaagje tsjin it positive en objektive byld dat wy dermei jouwe nei de boarger ta dy't beswier makke hat. Harkers, der binne noch wol mear saken dy't yn 1998 op it aljemint komme sille. Wy neame derby de besteging fan it ekstra jild dat it regear beskikber steld hat foar bisundere bystan. Wy ferwachtsje der meikoarten in utstel oer te krijen fan it kolleezje. ek de skoalleproblematyk en de finansiering derfan sille wy it dit jier noch oer ha. 26

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 30