Dizze "regearperioade" duorret noch mar sa'n 5 moanne; wy sille derom met alle underwerpen by de kop hawwe, mar is no beheine ta de begrutting en de sifers dy't foar lis lizze. In begrutting dy't us presenteare wurdt as in produktebegrutting, mar dy't dy namme noch net fertsjinnet. Wy ferwachtsje der kommend jier mear fan. It kolleezje hat dudlik oanjim wer't de sifers negatyf troch beynfloede binne, de oanbie- dingsbrief fan 21 oktober is der helder yn. It is te hoopjen dat de foar 1998 rusde tekoarten wat tafalle en dat wy noch wat mear jild lit de saneamde behoedzaamheids- reserve fan it gemeentefuns krije om't wy oars ek gjin tafallers ferwachtsje meie. As PvdA kinne wy - yn de ferwachting dat de kommende jierren wol wer wat rumte yn de begrutting komt om de needsaaklike ynvestearrings te dwaan - akkoart gean mei de utstellen fan it kolleezje om de tekoarten oan te follen. De fraksje fan de PvdA Fragen nei oanlieding fan de begrutting 1998 1. Is it kolleezje mei us fan betinken dat it goed weze soe in saneamde frijwilligers- sintrale (fraach- en oanbodbank foar wurk) op te setten en wol it kolleezje dat utsette binnen it wolwezenswurk 2. Foar de utfiering fan de W.V.G (Wet Voorzieningen Gehandicapten) bestiet der in saneamd platfoarm foar advys ensfh. oan it kolleezje fan B. en W. Wol it kolleezje ek foar de utfiering fan de Algemene Bijstandswet in soart- gelikens platfoarm yn it libben roppe 3. It Ministearje fan Definsje betellet 5,30 jierliks foar precariorjochten foar in lampke op'e toer fan Jelsum. Moat dat net 530,— weze en as dat net sa is, wol it kolleezje der dan foar soargje dat dit 530,- wurdt Skogingen FNP-Ljouwerteradiel Ynlieding. Foarsitter, Der bart in protte yn us gemeente mar wat hald dat eins yn. Us gemeente waakst, der binne grutte utjeften dien, mar wat sjitte wy dermei op It tal ynwenners nimt net yn ferhalding ta. Reserves nimme of, de kolleezjepartijen stelle ut de lesten te ferheegjen. Dat is de FNP te koart om' e hoeke. Ofrune jier hawwe wy foar 280.000,-- oan bliuwende besunigingen foarsteld. Dat ha de oare partijen fan'e ned ofwiisd. Op dit stuit moatte wy feststelle dat wy wer foar grutte tekoarten stean. Ek stelle wy fest dat it pearske sukses oer de regen fan de gemeenten gien is. 27

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 31