Mear taken, best mar minder jild dat kin net. Benammen de minsken mei in krappe
beurs hawwe ynleveije moatten. Hjimei sille wy op in tal saken fierder yngean.
Doarpsuntwikling en Iepenbiere wurken.
Der wurdt in protte nijboud, by it Piter Jurjenshof op in wize dy't de kwaliteit fan Stiens
wezentlik en bliuwend oantaast. It hat us ferbjustere dat de rjochter op gran fan in noch
net feststeld bestimmingsplan it kolleezje yn it gelyk steld hat. Yn us eagen giet de
rjochter hjir op de stoel fan de bestjoerder sitten.
Behearssaken sa as it by de tiid halden fan rioel ensf. En ferkearsmaatregels is net foar
reservearre. De FNP hat der earder al foar pleite. No sitte wy op de blierren omt der gjin
jild is. Finansjeel mismanagement
Op it gemeente-apparaat en personiel wurdt, troch al dy nijbou, in grut beslach lein. It
ofhanneljen fan deistige saken en it behear fan besteande saken lijt derunder.
Fraach 1. De FNP stelt oan it kolleezje de fraach, is dit allegear behearsber?
Bouwen yn us lytsere doarpen fine wy in goede saak. Dermei wolle wy trochsette. Boum-
ooglikheden yn Britsum untbrekke.
Fraach 2. Wat is it kolleezje fan doel om deroan te dwaan
It bestimmingsplan Butengebiet moat mooglikheden biede oan it fuortsterkjen fan
besteande bedriuwen. Nijfestiging fan yntinsive feehalderij wize wy of. It tastean fan
yntensive feehalderij as twadde tuke wolle wy yn beheinde mjitte tastean utsein tichte by
us doarpen.
De kwaliteit fan us butengebiet moat bestean en sa mooglik ferbettere wurde. Derta wolle
wy ek yn it bestimmingsplan Butengebiet regelje dat nijbou lanskiplik goed ynpast wurde
moat troch it oanbringen fan passende beplanting.
Utstel 1. De FNP stelt ut yn it nije bestimmingsplan Butengebiet gjin romte te jaan oan
nije festigingen fan yntensive feehalderijen.
Utstel 2. Lanskiplike ynpassing opnimme yn it bestimmingsplan Butengebiet.
Tagelyk wol de FNP der foar pleitsje de grinzen fan it bestimmingsplan Butengebiet oan
de rane fan de doarpen op in logyske wize oan te passen sadat der gjin rare hoeken en
hammen yn sitte. Op dizze wize untstean ek noch wat aardige boumooglikheden. Wy
komme hjir by it behanneljen fan it bestimminsplan Butengebiet op werom.
Algemien Bestjoerlike saken.
Feiligens.
Materieel giet it in protte minsken goed mar mateaije is net alles, pears hat de siel ut e
polityk fike en knypt it leste gromke minsklike waarmte lit us mienskip wei.
Troch it weifallen fan mei-inoar stean nimt it omtinken foarinoar of en
nimt it gefoel fan unfeiligens ta. Korpsbehearder Apotheker stelt ut dan mar partikuliere
feilichheidtsjinsten yn te hieren.
28