Wer bliuwt Dijkstal mei syn mear "Blau op Strjitte"en wer bliuwt it jild wat derfoar nedich is. It blykt dat de plysje mei de besetting fan no har taken net neikomme kin. De FNP stelt dan ek fest dat de partijen dy't diel utmeitsje fan pears (WD, PvdA en D66) harren maatskiplike ferantwurdelikheid untrinne. Us utgongspunt is dat us boargers harren feilich fiele moatte kinne yn us gemeente. Bestioer. Noch altyd komt it foar dat boargers yn us gemeente op brieven wol in befestiging krije dat harren brief binnenkaam is, mar demei femimme hja soms in jier neat mear. Wy fine dat soks net foarkomme mei. Wy fersykje it kolleezje dan ek de ofspraken dy't sy yn it kolleezjeprogram dellein ha nei te kommen. Ekonomvske saken. Us gemeente sil der alles oan dwaan moatte om de wurkgelegenheid te stimulearjen. De ried hat derfoar jild beskikber steld.Troch guon yn'e ried is earder al oantrune op in startersprojekt. Oant no ta is it tige stil bleaun. Fraach 3. Wer bliuwt de aksje, dit oangeande, fan it kolleezje? Wolwezen. Oer it wolwezenswurk sil der ynkoarten in diskusje plakfme moatte, sawol oer it ferlet en de ijochting as oer de fmansjele gefolgen. De jildende automatismen oant no ta binne derby foar us net hillich. Wy komme hjir meikoarten op werom. Underwiis. De gemeente kriget hieltyd mear taken taskood op it med fan underwiis. De ried fiert it bestjoer oer it iepenbier underwiis. It untbrekt us as riedsleden gauris oan foldwaande kennis fan saken. Dy kennis achtsje wy nedich om goed bestjoere te kinnen. Utstel 3. De FNP stelt dan ek lit om twaris yn't jier te oerlizzen mei it underwiis. Yn de sollisitaasjeproseduere foar plakken op us skoallen hiene de altyd reewillige ynfalsters mei in protte underlining it neisjen. It belied is wizige buten de ried om, wy fine dat dat net kin.Wy wize dizze wize fan hanneljen mei klam of. Utstel 4. Wy stelle ut hjirfoar ynkoarten belied op te meitsjen. Sosiale foarsienningen. Om foar te kommen dat de minima buten spul komme te stean om't sy net mear oan it sosjale libben dienimme kinne, bliuwt in romhertich belied nedich. Nijsgjirrich sjogge wy ut nei utstellen dit oangeande. Sanedich sil de FNP sels mei utstellen komme. Gearwurking mei oare gemeenten op it med fan bystansferliening achtsje wy in goede saak. De eksploitaasje fan "De Skalm" is en bliuwt in grut probleem. Jierliks hawwe wy te krijen mei grutte tekoarten (tekoart 1996: 80.000,—) dy't foar rekken fan us gemeente komme. 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 33