It gebou en de stifling "De Skalm" kostet de gemeente elk jier sa'n 500.000,--. Demeist wurdt noch in subsydzje jun foar it wurk dat de stifling utfiert fan 135.000,-. As FNP fine wy dat dit net sa trochgean kin. Troch dizze utjeften bliuwt der gjin jild oer foar bygelyks muzykunderwiis, frysktalige pjutteboartersplakken ensf. Wy stelle dan ek ut de mooglikheden ta privatisearjen nei te gean. Fraach 4. Is it kolleezje ree dit meikoarten te dwaan? Yn tsjinstelling ta de situaasje yn Stiens kostje de fjouwer doarsphuzen yn us lytsere doarpen mei-inoar minder dan 40.000,— it jier. Finansjes en Dekkingsmiddels. Rekken haldend mei de nedige ynvestearrings ensf., werby't ut de winskenlist in grut tal saken skrast binne en gjin rekken halden is mei de hege lesten nedich foar husfesting fan it underwiis untstiet der foar 1998 in tekoart fan 256.000,--. It kolleezje stelt ut om dit tekoart foar it grutste part te dekken troch it ferheegjen fan de unrepliksaakbelesting en de leges. Foar in bedrach fan 53.000,- untbrekt de dekking. It kolleezje merkt hjiroer op dat de ryksutkearing mooglik tafalle sil en oars sil der it oare jier dekking foar fun wurde moatte. Salang wol it kolleezje hjirfoar de algemiene reserve mar oansprekke. De FNP wol gjin liken yn'e kast. Sa skoot it kolleezje de problemen nei de takomst ta. De al utroepele reserve sil hjirfoar net fierder belest wurde meie. Mei de ferheging fan de unrepliksaakbelesting fan 5,8% as korreksjes op de minderopbringst en ynflaasje en it ferheegjen fan de leges kin de FNP ynstimme. Lykwols bine wy hjiroan wol de betinkst dat der ek eigen fleis snijd wurdt. Wy stelle derom ut yn de begrutting foar 1998 de folgjende besunigingen op te nimmen. Utstel 5. De FNP stelt ut de folgjende besunigingen troch te fieren; 1. Besunigingen op kosten siktary f 66.000,- (is 2% fan totaal f 3.289.000,—) 2. Besuniging op kosten swimbad f 70. 750,-- tekoart nimt hurd ta/besuniging 5% fan f 1.575.000,-) 3Besuniging op husfesting en eksploitaasje "De Skalm" f 120.000,- 4. Net langer opheljen lyts gemysk offal f 50.006,— (oergean op bringsysteem) f 314.750,- Hjirmei is it noch net dutsen tekoart fan 1998 53.000,-) boppe wetter en kin it oare diel fan de utstelde besunigingen brukt wurde foar dekking fan de hegere kaptaallesten fan de husfesting fan it underwiis, sadat der net folle ekstra belestingferheging nedich is. Demeist makket de FNP har soargen oer de reserveposysje fan us gemeente. De reserve is fier sakke under it ofsprutsen nivo.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 34