De reserve soe feitliken sa'n 2,6 miljoen weze moatte wylst as dy ein 1998 mar 1,3 miljoen mear weze sil. Fraach 5. Wat tinkt it kolleezje hjir oan te dwaan? Ta beslut. De bart in protte yn us gemeente en soks is net mooglik sunder de ynset fan de ambtners sawol yn as buten it gemeentehus. In wurd fan tank derfoar is op syn plak. Oer t generaal hawwe wy noch in moaie gemeente en dat wolle wy sa halde. De klam moat neffens de FNP mear lein wurde op kwaliteit dan op kwantiteit. Ek sille wy der foar soargje moatte dat wy fmansjeel net fierder ofgliedzje, want de ponge is hast leech. Fierders wolle wy ta op in profyl foar us gemeente mei as utgongspunten: Kultuer, Soarch, Sport en Keunst. De feestwike yn us gemeente kin der yn oerliz mei bedri- uwslibben en boarger in goede oanset ta weze. Stiens, 24e fan Slachtmoanne 1997, Ut namme fan de FNP-fraksje, Arjen Dykstra. 31

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 35