GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 12 Agindapunt: 12 Foarstelnu.: 97/148 Stiens, 9 desimber 1997 Underwerp takennen ryksbydrage edukaasje 1998 can de stichting Volwasseneneducatie Friesland Oan de gemeenteried Ferline jier desimber hawwe wy jimme rie ynformearre oer it wizigjen fan de regeljouwing folwoeksenenedukaasje. De Wet Educatie Beroepsonderwijs (WEB) ferfangt fan 1 jannewaris of de Kaderwet Volwasseneneducatie. Dermei is de ferplichte gearwurking op grun fan de Wet Gemeenschappelijke Regelingen ferfallen en binne de gemeenten ofsunderliK ferantwurdlik foar de ynset fan de ryksbydrage edukaasje en foar it sluten fan in utfieringsoerienkomst mei in wetlik erkende underwiisynstelling. It jier 1997 jilde as oergongsjier en derom is de utfiering fan de WEB foar dat jier oerdroegen oan de Regio Noard Fryslan. Fan 1998 of is de oergongsfase foarby en is de WEB folsiein fan kreft. Boppedat is der gjin sprake mear fan de WGR-regio sadat de gemeente sels ferant wurdlik wurdt foar de boppeneamde taken. Ferline jier hawwe wy al sein dat wy stribje nei in fuortsetting fan yntergemeentlik gearwurkjen (G4) om sa sterker te stean nei de Stichting Volwassenenducatie Friesland ta. Yntusken is yn dat ferban ek keazen foar in ienfaldige gearwurking mei it doel mei elkoar in raamoerienkomst en in produktoerienkomst te sluten mei boppeneamde wetlik erkende underwiisynstelling. Yn de raamoerienkomst wurde mearjier- renofspraken dellein oer de ijochten en plichten fan beide partijen oer ynformaasje- ferstrekking en it beskikber stellen fan de middels. Yn de jierliks of te sluten produktoerienkomst steane ofspraken dy 't taspitst binne op de konkrete fraach nei en it oanbod fan edukaasje yn us eigen gemeente. Dy oerienkomst is fan tapassing op kest 2.3.4. fan de WEB, dat foarskriuwt dat it takennen en beskikberstellen fan de bydrage oan de ynstelling berestet op in troch it gemeentebestjoer ofsletten oerien komst. Dy utfieringsoerienkomsten moatte foar 1 jannewaris oansteande ofsluten wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 54