GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomsten fan 24 en 27 novimber 1997. Oanwezich: froulju F. Haites en M. Glas en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, D. Bijlsma, H.A.J. Boersma, J. de Vries, W. Ekas, B. Lageweg en Drs. G. Poortinga en de wethalders de hearen S. Jansma en B.H. Klaassens. Ofwezich mei kundskip: de hear R.A. Ketellapper Foarsitter: de hear Mr. C. Bijl Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000-3151 Ban II 0000-1817 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Beediging fan it riedslid mefr. M. Glas Nei it oflizzen fan de eed is mefrou M. Glas ynstallearre as riedslid fan dizze gemeente. 2. Begrutting 1998 en Meariierreruzing o.e.m. 2001 - skogings. 97/125 - 0000- 1987m Per fraksje wurde troch de foarsitter de algemiene skogings foarlezen. Efterinoar komme de folgjende fraksjefoarsitters oan it wurd: de hearen De Vries (CDA), Boersma (WD), Poortinga (D66), Lageweg (GBL), Admiraal (PvdA), Dijkstra (FNP). De skogings binne oan dit ferslach taheakke en meitsje sa underdiel ut fan it ferslach. Nei in koart skoft jouwe de leden fan it kolleezje in earste reaksje op de fragen fan de ffaksjes. (1987 - Ban II 0496m) By it ferfetsjen fan de gearkomste op 27 novimber giet it kolleezje neier yn op de stelde fragen. De meast konkrete tasizzingen dy't dien wurde binne: algemiene skogings yntegraal yn Stienser Omropper; it opstarten fan in bedriuwsfersammelgebou; it ferbetterjen fan de tagonklikheid fan Skalm en gemeentehus foar handikapten; 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 5