CD A- Ljouwerteradiel Kolleezje leden fan 'e rie, harkers nei radio Middelsee. De kar is dit jier: Werom sjen op de ofrune perioade of dochs mar foarut te sjen. Foar dit leste fait it measte te sizzen, want der leit de takomst, dat is it wichtigste foar us gemeente. Mar foarsitter, dochs noch efkes werom sjen. Je moatte altyd wer in kar meitsje wer't je it oer hawwe sille. Sille wy it no al of net hawwe oer weryndieling en wat der mei gearhinget. Nee, deroer dizze kear neat. "Us miening is bekend en dy is net feroare". (NEE dus) Wer wol oer. Yn elts gefal oer saken dy't it CDA foarich jier nei foaren brocht hat en wer't tasizzings oer dien binne, mar wer't neat fan op 'e hispel kommen is. Ik wol in passaazje sitearje ut de CDA-skogings fan foarich jier en dat giet oer de tagonklikheid fan ferskate foarsjennings foar minder-faliden, sa as rolstoelgebrukers. Sitaat: "Yn de bibleteek kin in rolstoelgebruker net sunder help komme, net iens op it plein der foar, as alles stiiffol auto's stiet. Foar de Skalm, in nagelnij gebou jildt itselde. Der sit net iens in bel oan'e doar om help ynroppe te kinnen. Dan it gemeentehus. Meastal steane de swiere doarren iepen. Mar as se ticht sitte, hoe kom je der dan yn, as de bel net heard wurdt. En dat kin barre. Dan moat der help fan'e strjitte helle wurde. As de Langebuorren fol stiet mei parkearde auto's, meinammen foar de opritten nei de trottoirs, is it foar rolstoelgebrukers in poepetoer om op it trottoir te kommen om nei de winkels ta" ein fan it sitaat. Foarsitter, hjir is neat oan dien en dat is in dikke unfoldwaande foar it kolleezje. Noch in saak wer't wy net mei teffedenheid op werom sjogge en dat is it personielsbeleid fan de gemeente, meinamme nei it underwiis personiel. It is net in kwestje fan aide kij ut de sleat helje. De saak mei de direkteurs beneaming is dan wol utpraten en uteinlik trochgien sa't it kolleezje dit utstelt hie, akkoard dermei. Mar dan mei je ferwachtsje, dat der learing ut lutsen wurdt, dat dit gefoelige saken binne en dan moat it us fan it hert, dat der net learing ut lutsen is, want dan wurdt der op in net fraaie manier omgien mei de ynfalkreften op de skoallen. Wy krije it gefoel, dat men fan de flaters net leard hat. En as wy dan heare en leze, dat der noch in nije learkreft komme moat en der wurdt wer in adfertinsje setten yn de krante, dan krije wy it gefoel, nettsjinsteande it betrouwen dat utsprutsen is yn de ynfalkreften, dat der gjin betrouwen is yn de ynfalkreften. vVer in djoere proseduere, wylst je koart om de hoeke kinne. As men dizze ynfalkreften net op in feste posysje hawwe wol, wylst se diel utmeitsje fan it personiel, siz dat dan en wez earlik. Dan witte sy it ek. Hurdlears neamt men sa'n belied. It oansien fan de gemeente. Foarsitter, foarich jier hawwe wy de gemeente in plumke jun, dat de gemeente der sa kreas by lei. Wy fine ek, dat de boarger der syn bijdrage oan leverje moat. Dat kin ek wol, mar dan moatte de foarsjennings der ek sadanich weze, dat de boarger him der oan halde kin. De gemeente sil de mooglikheden jaan moatte en ek de boarger der op wize, om de gemeente kreas te halden. Wy doele dan bgl. op de bulten takken dy't elts foar- en neijier der wer op ferskate plakken yn 'e plantsoenen fan de gemeente delgoait wurde en dat natuerlik net foar eigen doar. It liket wol of men al yn augustus begjint te snoeien. Om fan dit probleem of te reitsjen soe it neffens us in goede saak weze om hjir yn kommisje ferban in oplossing foar te finen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 9