De hear Admiraal (PvdA) jout oan dat in kandidaat ut it bedriuwslibben wei gjin probleem is. Dochs wurdt fan de kandidaat ferwachte dat hy goed bekend is mei it iepenbiere bestjoer. Der wurdt perfoarst net socht nei in manager ut it bedriuwslibben. De kandidaat moat oanwiisber wurkje of wurke hawwe yn it iepenbiere bestjoer. De hear Admiraal stelt ek dat de kandidaat by foarkar finansjeel goed underlein weze moat. De fertrouwenskom- misje fynt dat tige fan belang. Hy wiist yn dat ferban op de untwikkeling fan it bedriuwsterrein Middelsee en de sitewaasje mei de omlizzende gemeenten. De kandidaat moat ek bekend weze mei it bedriuwslibben en dy underfilling bruke foar de gemeente. Wat de oanwiisbere kennis en underfining op it med fan de Romtlike Oardering oanbelan- get, dielt hy mei dat de kandidaat, mei it each op de nedige kennis yn it gemeentehus sels, net spesifyk deskundich hoecht te wezen. Fierder merkt hy op dat de nije man/ffou ek each hawwe moat foar it public relations-aspekt fan de gemeente. Wat it hawwen fan njonkenfunksjes oangiet dielt de hear Admiraal mei dat it net eksplisyt njonkenfunksjes dy't allinne it amt oangeane hoege te wezen. Wol wurdt fan oanbelangjende, yn alle gefallen foar de eigen gemeente, mar ek foar it maatskiplike/sosjale belang, it nedige ferwachte. De hear Bijlsma (FNP) jout oan dat de nije boargemaster kennis hawwe moat fan in plattelansgemeente en de spesifike problematyk derby. Wat de bestjoerlike underfining oanbelanget stelt hy foar de kar net te beheinen ta allinnich it iepenbiere bestjoer. Dochs fynt hy it fan belang dat, mei it each op de diskusje oangeande de weryndieling, de kandidaat al bewiisd hat tsjinstanner te wezen fan in weryndieling. De kandidaat moat de wei witte yn oerheidslan. As we sjogge nei de grutte fan de gemeente is kontakt mei de boargers tige wichtich. Om dy reden soe Bijlsma dat elemint graach oan it haadstik persoanlike kwaliteiten taheakje wolle. Syn fraksje seach oangeande de taal it leafst dat de "positive belutsenens" ombugd wurdt ta "it aktyf behearskjen fan de Fryske taal". Mei it each op in goed kontakt mei de ynwenners is it aktyf behearskjen fan de Fryske taal tige wichtich. Wat de njonkenfunksjes oanbelangje sjocht de hear Bijlsma dy dochs dudlik yn it ferlingde fan it iepenbiere bestjoer. Syn fraksje stelt ek de leeftydsgrins net as hurde eask en wiist yn dat ferban op eardere reaksjes fan de ried. Na de reactie van de heer Bijlsma geeft de voorzitter het woord aan de heer Boersma (2e instantie). De heer Boersma merkt op dat hij reeds het woord heeft gevoerd en dat hij zich kan vinden in de reactie van zijn collega-raadsleden. Frou Haites (CDA) merkt op dat hja it foar it grutste part iens is mei itjinge dat troch har kollega-riedsleden al oanjun is. Har fraksje fynt it elemint finansjes en dan benammen de oerheidsfmansjes wichtiger as it RO-aspekt. Wat de bestjoerlike kwaliteiten oanbelangje merkt sy op, dat it hawwen fan underfining yn it iepenbiere bestjoer foar har fraksje winske is. Immen ut it bedriuwslibben is gjin probleem mar dan wol ien dy't oanwiisber affiniteit hat mei it iepenbiere bestjoer. Sy wiist yn dat ferban op inkele underwerpen der't de gemeente nau by belutsen is. Foar de CDA-fraksje is ek de kennis fan de plattelanspro- blematyk fan belang. Wat de nevenfunksjes oangeane jout sy de foarkar oan funksjes dy't op grun fan it amt oannommen wurde. Oare funksjes moatte kritysk besjoen wurde. Frou Haites jout ek oan dat har fraksje wol foarkar hat foar in boargemaster jonger as 45 jier. As leste freget hja omtinken foar de politike kleur fan de nije boargemaster. Yn lyts komitee, foar de tarieding fan de profylskets, hat sy ek pleite foar in CDA-boargemaster.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 11