GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 18 desimber 1997 Oanwezich: de froulju F. Haites, R. Glas en de hearen J. Admiraal, A. Dijkstra, D. Bijlsma, drs. G. Poortinga, H. Boersma, J. de Vries, B. Lageweg, W. Ekas, R.A. Ketellapper en de wethalders S. Jansma en B.H. Klaassens Foarsitter: de hear mr. C. Bijl Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban II - 0000 m. Wethalder Jansma en de hear Dijkstra (ut namme fan alle riedsleden en fraksjes) komme oan it wurd oer de oansteande beneaming fan boargemaster Bijl yn de gemeente Meppel. De hear Bijl giet der ek sels op yn. Yn ferban mei syn fuortgean sil der in ekstra riedsgearkomste weze op 29 desimber. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomsten fan de 24e en 27e novimber 1997 Nei oanlieding fan ferskate opmerkings sil it systeem fan de riedsbeslutelist mei tasizzings behannele wurde tidens de gearkomste fan ABZ yn jannewaris 1998. Side 4: de hear Poortinga hat mei de begrutting ynstimd, mar wie tsjin it oanpas- sen/ferheegjen fan belestings. 2. Ynkommen stikken en meidielings 97/138 - 543 m. CI tZalm-snitO: De hear Dijkstra freget oft de gemeente apart software oanskaft hat wylst de regeling no wer wizige wurdt. Dy kosten soene dan, wat him oanbelanget, foar it Ryk weze moatte. Tasein wurdt der op werom te kommen tidens de gearkomste fan ABZ yn jannewaris 1998. 3. Utstel oangeande tariedingsbesluten P. Smidt en H. Struiksma 97/139 - 570 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezje-utstel. 1 N

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 3