Tasein is dat der neier ynformaasje komme sil oer de priisofspraken oangeande de ferkeap fan grunen oan It Noarderfjila. 11. Earste oanpassing begrutting 1998. 98/39 - 1411m Deroer komme de hearen Dijkstra, Admiraal, Poortinga, De Vries en de foarsitter oan it wurd. It foarstel wurdt uteinlik mei 9 stimmen foar en 3 stimmen tsjin (CDA en D66) oannommen. 12. Begruttingswizigingen. 39/40 - 1880m Neffens it foarstel wurde de begruttingswizigingen feststeld. 13. Utstel oangeande appartemintekompleks, Van Wyckelstrjitte te Stiens. 98/41 - 1996m Deroer komme de hearen Boersma, De Vries, Ketellapper, Bijlsma, Admiraal, Poortinga, wethalder Jansma en de foarsitter oan it wurd. Der sil neigien wurde oft in termyn stela wurde kin oangeande it ferkeapjen fan de hierapparteminten. De FNP-fraksje stimt tsjin it foarstel. De CDA-fraksje leit in stimferklearring of. It foarstel wurdt mei 10 stimmen foar en 2 stimmen tsjin (FNP) oannommen. Ban I: 2600m - 3050m en Ban II: 0000 - 923m. Demei wurdt ofskied nommen fan de riedsleden de hearen Poortinga, De Vries, Boersma en wethalder Jansma. Yn syn ofskiedswurden betanket de foarsitter de leden foar harren ynbring en ynset foar de gemeente yn de offline riedsperioaden. Demei mei hy ut namme fan de Keningin twa underskiedingen utrikke. De hearen Boersma en Jansma untfange de underskieding "Lid in de orde van Oranje Nassau". Ut namme fan de leden fan de ried hat de hear Dijkstra it wurd. Hy tanket de fuort-geande leden ek foar harren wurk yn de gemeenteried en foar de goede persoanlike kontakten. Oanslutend hat de hear Ketellapper it wurd. As leste sjogge de skiedende leden op har eigen wize werom op harren riedswurk. Sa besletten troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomste fan 23 april 1998, de foarsitter, de siktaris, (Drs. M./Abma ingma)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 7