8. Utstel oaneeande it onheffen fan de Commissie Sociale- en Gezondheidszore. 98/48 - 1890 m. Sunder haadlike stimming wurdt mei dit utstel ynstimd. De taken sille earst underbrocht wurde by de riedskommisje Welzijn. 9. Utstel oaneeande beneamine leden Beleidscommissie Welziin. 98/49 - 1912 m. Ut de ried wei wurde ta lid fan de kommisje beneamd: de hear A. Elgersma (15 stimmen) mefrou F. Haites (12 stimmen, 3 blanko) 10. Utstel oaneeande ekstern undersvk stiftine "De Skalm". 98/50 - 2060 m. It utstel wurdt oannommen mei 10 stimmen foar en 5 tsjin (fraksje GBL). Troch de hear Lageweg wurdt in stimferklearring oflein. Gemeentebelangen is tsjin it utstel om't sy ut de petearen mei minsken fan "De Skalm" de yndruk krigen hat dat dy de negative spiraal sels omdraaie kinne. GBL wol dat in kans jaan en derom is in undersyk op dit stuit net nedich. Boppedat binne in soad saken ek no al bekend. 11. Utstel oaneeande ferbouwine eemeentehus. 98/51 - 2466 m. Tekstkorreksjes side 6: 'wij stellen u voor' y.p.f. 'ik stel u voor'; 76.000,--' moat weze 67.000,--'. Gemeentebelangen stelt ut om it foarstel sa't dat der leit op dit stuit oan te halden en mei in ferbettere foarstel yn de kommisje ABZ werom te kommen. Undersykje oft de brunzen foardoarren ek bliuwe kinne, om't dy byldbepalend binne. Yntusken allinnich it meast nedige yn it gemeentehus oanpasse. Dat utstel wurdt fersmiten mei 10 tsjin 5 stimmen. Fraksje Gemeentebelangen stimt foar, de oare fraksjes tsjin. Demei wurdt it utstel fan de FNP yn stimming brocht om it foarstelde kredyt fan 631.000,-- werom te bringen nei maksimaal 564.000,-- (begrutting). Dat utstel wurdt fersmiten mei 8 tsjin 7 stimmen. De fraksjes fan FNP en Gemeen tebelangen binne foar, de oare fraksjes tsjin. As leste wurdt it utstel fan it kolleezje yn stimming brocht. Dat utstel wurdt oannommen mei 8 stimmen foar en 7 tsjin. 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 11