GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 24 septimber 1998 Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijkstra, D. Bijlsma (fan punt 5 of), W. Ekas, A. Elgersma, R.A. Ketellapper, J.S. Keizer, B. Lageweg, J. Stienstra en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 m. 1. Festsfelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 27e augustus 1998 Tekstueel wurdt de beslutelist unferoare feststeld. Wol wurdt it ien en oar sein oer de tasizzingen dy't troch it kolleezje dien binne. Punt 3 (WOC/Perspectief): Wethalder Vos jout oan dat Van Iperen ynkoarten mei in rapport komme sil. Dit punt komt yn oktober ek wer op de aginda. Punt 4 (ferljochting DTD): Wethalder Klaassens seit dat dat punt no, as it mooglik is, yn 'e riedskommisje fan oktober oan 'e oarder komme sil. Punt 6 (Rion): Wethalder Vos jout in neiere taljochting op dit punt dat net yn'e kommisje oan 'e oarder west hat. 2. Ynkommen stikken en meidielings 98/93 - 192 m. B3 (ferslach gearkomste Riedskommisje III, 10-09-98): Korreksje fan wethalder Klaassens dy't seit dat der op de Truerderdyk wol in stik fytspaad komt. CI (skriuwen Hus en Hiem oangeande rekken 1997 en begrutting 1999): De hear Keizer soe it hiele "Hus en Hiembarren" ris beprate wolle yn kommisje en ried. Wethalder Klaassens docht de tasizzing dat dat ynkoarten plakfine sil. C6 (skriuwen NuSo): Dijkstra wol yn kommisjeferban graach de boarterstunen wer ris oan 'e oarder stelle. Wethalder Vos seit ta dat dat yn oktober op de aginda komme sil. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 4