D2 (skriuwen Van Iperen): Der wurdt it wurd oer fierd troch de hear Elgersma en wethalder Vos. Lestneamde ferwiist nei de behanneling yn kommisjeferban. Feststelling tariedingsbeslut iepenbiere basisskoalle vn Stiens 98/94 - 337 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Feststellen tariedingsbeslut Fa. Plat Zn.„ Truerderdvk vn Stiens 98/95 - 343 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch meffou Dijkman, de hearen Ketellapper, Dijkstra, Stienstra, Roosma, wethalder Klaassens en de foarsitter. Der wurdt op dit stuit unanym ynstimd mei it nimmen fan it tariedingsbeslut en it oerlitten fan de fierdere ofhanneling fan de art. 19-proseduere oan it kolleezje. It kolleezje seit ta dat oare relevante saken dy't mei de kwestje anneks binne yn kommisjeferban werom komme sille. Feststelling tariedingsbeslut bouplan H.H. Jacobi. Sillan 8. Britsum 98/96 - 954 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Beliedsplan enerzivbesparring 98/97 - 958 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Elgersma, Dijkstra en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Wet Tnschakeling Werkzoekenden fW.I.W.t 98/98 - 1117 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch meffou Dijkman en wethalder Vos. Sunder haadlike stimming giet de ried akkoart mei it oanwizen fan de Stichting Banenplan as utfieringsorgaan foar de tsjinstbetrekkingen. Alderbvdragetabellen beme-opfang 1999 98/99 - 1164 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Haites, de hearen Dijkstra, Ketellapper en wethalder Vos.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 5