GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Tasizzingen dv't dien binne vn de riedsgearkomste fan 24-09-1998 A Algemene Zaken F Financien G Gemeentewerken P Personeelszaken S Sociale Zaken, Welzijn en Onderwijs V Voorlichting 1. S WOC/Perspectief op 'e aginda fan Kommisje I (oktober). 2. G Brief GBL oangeande ferljochting DTD mei foarstel behannelje yn Kommisje II (oktober). 3. F Ynkoarten sil it brief fan Hus en Hi em oangeande rekken 1997 en begrutting 1999 yn Kommisje III oan 'e oarder komme. 4 A Tariedingsbeslut Fa. Plat, Truerderdyk, Stiens: oare relevante saken dy't mei de kwestje anneks binne komme yn kommisjeferban werom. 5. S De boarterstunen sille yn oktober op de aginda komme fan Kommisje I. 6. S Alderbydragetabellen beme-opfang 1999: Oersjoch ynkommensgroepen en de taslach fan it earste bem dat berekkene wurdt foar alle folgjende bem ut in gesin sille bepraat wurde yn Kommisje I fan oktober. 7. F Brief oer wertaksaasjes WOZ (fariant op de moasje Alkemade) by de folgjen de gearkomste yn kopy tastjoere oan de leden fan Kommisje III. 8. F Yn Kommisje III antwurd jaan op de fragen: - Kin de nije taksateur de foargeande taksaasjerapporten ynsjen? - Is it winsklik de kosten fan it oanskaffen fan de Grootschalige Basis Kaarten of te skriuwen of hat beteljen yn ien kear de foarkar? 9. F Gemeenterekken 1997: Managementletter en fragen dy't yn 'e ried steld binne komme yn Kommisje III oan 'e oarder. 10.S Accountantsrapport oangeande Jierrekken 1997 van Stichting De Skalm noch bekend meitsje oan Kommisje III. Stiens, 30 septimber 1998

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 8