GEMEENTE LEEUWARDERADEEL lb. Beslutelist fan de riedsgearkomsten fan 23 en 26 novimber 1998 Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, D. Bijlsma, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B.H. Klaassens, J. Stienstra, B. Lageweg, C. Vos, S. Roosma, J.S. Keizer en A. Elgersma. Foarsitter: Mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 Begrutting 1999 en mearjierreruzings 2000-2002. Efterinoar wurde de algemiene skogings foarlezen troch: Mefr. F. Haites - Miedema (CDA) (0000 - 0595m), dhr. D. Bijlsma (FNP) (0595 - 0898m), dhr. B. Lageweg (GBL) (0898 - 1450m), dhr. S. Roosma (PvdA) (1450 - 1873m), mefr. D. Dijkman (WD) (1873 - 2068m). Oanslutend tsjinje de ffaksjes fan Gemeentebelangen en de FNP amendeminten yn. Nei it skoft folget in earste reaksje fan it kolleezje. Demei wurdt it wurd fierd troch: Wethalder Klaassens: Feiligens: Enkete oangeande feiligens yn de gemeente wurdt meinommen mei de behanneling fan de ferkearsstruktuerskets. Dielname Marrekrite: Wat de dielname oan de Marrekrite oanbelanget sil der letter yn kommisjeferban op weromkaam wurde. De foar- en neidielen sille derby oanjun wurde. Sporttariven: It ferheegjen fan de sporttariven is oan de ried foarbehalden. Der wurdt tasein dat der in notysje oangeande it akkommodaasjebelied oan de ried foarlein wurde sil yn de earste helte fan 1999. Onderwiis/bestjoersstruktuer: Yn G4-ferban is al in rapport opsteld oangeande de bestjoersstruktuer- Bestjoer op ofstan- yn it underwiis. Behearsplannen: Foar bepaalde underdielen, bgl. foar diken, is al in behearsplan opsteld. Oare underwerpen sille folgje. Learlingeferfier: Op dit stuit gjin nij belied. Der is sprake fan in kontrakt foar in langere perioade. Wethalder Vos: Asylsikers: Kolleezje is ree mooglikheden te sykjen foar ekstra opfang. De Skalm: Ree oare foarm fan behear te undersykjen. Nij belied/budzjetofspraken foar 1.1.99 net te realisearjen. -0-0-0-0-0-0-0-0-0- 1. 0000 m 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 8