Meidielingen wethalder Klaassens: 1Op de moasje Sport sil yn kommisje II werom kaam wurde. 2. De wethalder ljochtet de foarynformaasje ta oangeande de behanneling fan "kredyt basisunderwiis" yn kommisje II fan desimber o.s. Bouplannen tunsintrum Holwerda ut Stiens 99/101 - 0535 m. Der wurdt it wurd oer Herd troch mefrou Dijkman, de hearen Ketellapper, Stienstra, F. Dijkstra, Roosma, wethalder Klaassens en de foarsitter. It utstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei 9 stimmen foar en 5 stimmen tsjin. De fraksje fan GBL is tsjin, de oare fraksjes foar. Troch de hear Lageweg wurdt in stimferklearring oflein. It beswier is benammen rjochte tsjin de utstelde lokaasje fan in parkearterrein Wizigjen fan bestimming Skilwei 9 vn Stiens 99/102 - 0890 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman en de hearen F. Dijkstra, Ketellapper, Stienstra, Roosma en wethalder Klaassens. It utstel fan it kolleezje wurdt fersmiten mei 10 stimmen tsjin en 4 foar. Foar it utstel binne de hearen Admiraal, Roosma en de beide wethalders, de oare riedsleden binne tsjin. Stimferklearrings wurde oflein troch Admiraal, Lageweg, F. Dijkstra en Stienstra. Admiraal: oar bedriuw sil faaks noch wol foar mear oerlest soargje; tastean under betingsten; "minst kweade"; Lageweg: negative ynfloed op wengeniet; gjin garansjes kolleezje; protte unwissichheden; Dijkstra: tsjin katgory II-bedriuwen yn wenbuerten; Stienstra: it hanthavenjen fan sa'n bedriuw yn 't sintrum is dreech. Ynfolien oerhoeke grun Op 't Fintsje vn Aldeleie 99/103 - 1653 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Stienstra, F. Dijkstra, Ketellapper en wethalder Klaassens. It utstel wurdt sunder haadlike stimming oannaam.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 5