10a Verordening op de heffing en de invordering van onroerende-zaakbelastingen 2000. (8 stimmen foar en 6 tsjin (GBL en WD)) 10c Verordening op de heffing en invordering van hondenbelasting 2000. (11 stimmen foar en 3 tsjin (Ketellapper, Keizer en Lageweg)) Fierder stimt GBL net yn mei de ferheging fan de sporttariven. Afvalstoffenheffing: yn kommisje I sil werom kaam wurde op de tariven foar de ferskate soarten konteners. 11. Oanpassen tariven gemeentlike sportakkommodaasies 99/109 - 2700 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen A. Dijkstra, Keizer, Admiraal en wethalder Klaassens. It utstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei 9 stimmen foar en 5 tsjin. De fraksje fan GBL is tsjin, de oare fraksjes foar. 12. Klachtekommisie W1W 99/110 - 2843 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan it kolleezje. 13. Alderbvdragetabellen berne-opfang 2000 99/111 - 2848 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Elgersma, Admiraal, wethalder Vos en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan it kolleezje. In oantal saken oangeande berne-opfang sil ek wer oan 'e oarder komme yn kommisje I fan jannewaris. 14. Bcgruttingswizigings 99/112 - 2981 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites en Dijkman, de hearen Keizer, Admiraal en de foarsitter. De foarleine begruttingswizigings wurde feststeld mei de folgjende opmerkings: WD en GBL binne tsjin de begruttingswizigings oangeande ekstra ferheging ozb (punt 2.6).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1999 | | pagina 7