Moasje, De gemeenteried yn gearkomste byinoar op de 23ste fan'e Wintermoanne (desimber)1999, Oerwaagjende dat: In gearwurkingsferban yn't foardiel fan alle dielnimmende partijen heart te wurkjen, It utgongspunt is: in sterke sted en in sterk plattelan yn de regio (OKL), De goei fan Ljouwerteradiel it gefolch is fan provinsjaal romtlik belied (groeikearnen), It de grunferantwurdlikheid fan de gemeente is om rak en dak te bieden oan har eigen ynwenners, Us gemeente buten de EU-doelstellingsgebieten fait, Stelt fest dat; dizze oerienkomst us gemeente in protte jild kostjen giet; us gemeente mei it tal te bouwen wenten de kommende jierren gjin rak en dak biede kin oan eigen ynwenners, lit stean oan oaren; mei dizze oerienkomst in sterk plattelan net garandearre is; dat wy mei inoar sterker wurde wolle. Drage it Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders op; te beskreppen dat us gemeente mei de oaren lykweardich profitearret fan dizze oerienkomst, der foar te soargjen dat us dat gemeente rak en dak biede kin oan har ynwenners, der foar te soargjen dat us gemeente yn oanmerking komt foar de Europeeske stypefunsen te befoarderjen dat sted en plattelan har yn harmonie nei aard en skaal untjaan heare te kinnen, En giet oer ta de oarder fan de dei. FNP Arjen Dykstra Folkert Dykstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 10