GEMEENTE 8 LEEUWARDERADEEL Agindapunt: 8 Foarstelnu.: 2000/7 Stiens, 19jannewaris 2000 Underwerp: it opheffen fan de Gemeenschappelijke Regeling Vervoerregio Friesland en it ynstellen fan in Overleg Verkeer en Vervoer Fryslan Oan de gemeenteried Sunt de jierren njoggentich is yn Fryslan de Vervoerregio Friesland wurksum yn de foarm fan in mienskiplike regeling tusken de provinsje en in grut tal Fryske gemeenten, sa ek Ljouwerteradiel. Troch it lanlike desintralisaasjeproses oangeande ferkear en ferfier en it projekt foar bestjoerlike femijing yn Fryslan (rapport "Fryslan femijt"), is konstatearre dat de Vervoerre gio net al hielendal mear oan de easken foldocht en better ferfongen wurde kin troch in ynformelere en fleksibele strukturearring fan it oerlis foar ofstimming tusken de gemeentlike en provinsjale ferantwurdlikens foar ferkear en ferfier en de ferkearsfeiligens. It niisneamde desintralisaasjeproses ferkear en ferfier hat u.o. it konvenant VERDI (Verkeer en vervoer Regionaal, Decentraal en Integraal) en in konvenant oangeande de soarch foar de ferkearsfeiligens yn de provinsje Fryslan opsmiten. It doel is no om de oerlisstruktuer op it med fan ferkearsfeiligens, sa't dy al bestie, fest te halden en oanslute te litten op de oerlisstruktuer fan ferkear en ferfier. Boppesteande hat laat ta it untstean fan it Overleg Verkeer en Vervoer Fryslan (OVVF) as opfolger fan de Gemeenschappelijke Regeling Vervoerregio Friesland. It doel fan de OVVF wurdt yn de tekst fan de oerienkomst as folget omskreaun: It OVVF tsjinnet as platfoarm foar: oerlis, utwikseling fan ynformaasje en ofstimming oangeande plannen en beliedsfoamim- mens op it med fan ferkear en ferfier tusken it Ryk, de provinsje Fryslan en de gemeenten yn Fryslan, en it meitsjen fan ofspraken, dy't denit fuortkomme, en it "monitoren" en evaluear- jen fan dy ofspraken. Oer de fmansjes wurdt yn de oerienkomst sein: de kosten fan it OVVF wurde, mei utsundering fan de kosten fan it sekretariaat, droegen troch de provinsje en de gemeenten; derby wurdt de folgjende ferdielkaai tapast: de provinsje en de gemeente Ljouwert drage beide in fjirdepart by; de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlan en Snits drage elts 8,33%, mei'inoar in fjirdepart by; de oare gemeenten drage mei'inoar in fjirdepart by, underling ferdield nei it oantal ynwenners.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 21