Bes lute list fan de riedseearkomste fan 23 desimber 1999 Oanwezich: de froulju D. Dijkman, F. Haites en J.M. Oppenoorth en de hearen J.W. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijkstra, F. Dijkstra, B. Lageweg, R.A. Ketellapper, W. Ekas, J.S. Keizer, A. Elgersma, J. Stienstra en de wethalders C. Vos en B.FI. Klaassens Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris: J.J. Kingma Ban I -0000 m. 1. Fastening beslutelist fan de gearkomste fan 25 novimber 1999 Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen A-Dijkstra (it untbrekken fan moasjes en amendeminten) en Keizer (punt 5 a fan de list fan tasizzingen). Tasizzing fan de foarsitter: de teksten fan de moasjes en amendeminten dy't yntsjinne binne yn de begruttingsgearkomste sille noch oan 'e riedsleden tastjoerd wurde. Tasizzing wethalder Klaassens oangeande 5a fan de list fan tasizzingen (kas fan Holwerda): it antwurd op dy fraach sil yn de earstfolgjende kommisjegearkomste jun wurde. It ferslach wurdt fierder neffens it untwerp feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings 99/113 - 0231 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de foarsitter (CIskriuwen gemeente Boalsert oangeande begrutting 1999 GGD). Yn in earste brief is oanjun dat de gemeente net akkoart giet mei it neamde bedrach. Yn in twadde brief hat de gemeente de gemeente Boalsert har adheezje betsjuge. 2a. Behanneling brief GBL-fraksje fan 17 desimber '99 oer it net pleatsen fan de algemiene skogings yn de Stienser Omropper. Dat as reaksje op it antwurd fan it kolleezje yn de brief oan GBL op 14 desimber 1.1. Yn mearderheid (fraksje GBL 5 stimmen, PvdA 3, FNP 2) en it ien en oar neffens sa't it festlein is yn it Reglemint fan oarder foar de gearkomste fan de ried, wurdt besletten de brief daliks op 'e aginda te setten. Demei wurdt it wurd fierd troch de hearen Keizer, Admiraal, A. Dijkstra, de froulju Dijkman en Haites en de foarsit ter. Mei utsundering fan de fraksjes fan GBL (5 stimmen) en de FNP (2 stimmen) wurdt besletten de brief net fierder yn behanneling te nimmen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 4