Tasizzingen dv't dien hinne vn de riedsgearkomste fan 23 desimber 1999 A Algemene Zaken, Welzijn en Onderwijs F Financien G Gemeentewerken P Personeelszaken V Voorlichting 1A Moasjes en amendeminten ut de gearkomste novimber 1999 noch yn ofskrift tastjoere oan de leden fan de ried. 2. A Yn kommisje II jannewaris 2000 meidiele oft it ljocht yn kas Holwerda eknachts baarnt. 3. A Deputearre Jansen utnoadigje foar in petear mei de rie oangeande gefolgen OKL en wenningboumooglikheden foar Ljouwerteradiel koartby. 4. A Titan Jelsum: yn kommisje II meidiele oft net allinnich de arsjitekt mar ek de eigner ree is it plan oan te passen en fierder mei de belutsene ofspraken meitsje oer it oanbringen fan beplanting om it bouwurk hinne. 5. A Yn kommisje III oanjaan wat de planning is fan de ferskate bestimmingsplannen der't wat mei barre moat. 6. A By easken planskea in finansjele drompel ynbouwe: utstellen nei kommisje III. 7. A Ferkeap tungrun oan De Groot, Stiens: neigean oft der boud wurde kin, en sa net, dan is de oerienkommen priis akkoart, en sa ja, dan in oare priis hantearje en proseduere op 'e nij dwaan. 8. F Neijiersbystelling: alle saken dy't struktureel trochwurkje meinimme by de Mai- tydsnotysje.. 9.F Yn kommisje III tekst en utlis jaan, werom't de weifallen underhaldskosten riolearring net yn de foarsjenning riolearring stoart wurde moatte soene. Stiens, 24 desimber 1999

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2000 | | pagina 8