Hy dielt mei dat it kolleezje yn har utstel al hiel fier gien is mei it bekikber stellen fan
in kredyt en dat wat him oanbelanget op dit punt gjin fierdere kompromissen mear
mooglik binne en dat er syn portefulje fan wethalder ta beskikking stelle sil as de
moasje oannommen wurdt.
De moasje wurdt oannommen mei 9 stimmen foar en 6 tsjin.
Foar de moasje binne Ketellapper, Lageweg, Keizer, Ekas, Elgersma, A. Dijkstra,
F. Dijkstra, Haites en Stienstra.
Tsjin de moasje stimme Dijkman, Admiraal, Roosma, Oppenoorth en de beide
wethalders Klaassens en Vos.
Demei underbrekt de foarsitter de gearkomste oant tongersdei 3 febrewaris o.s.
(1159 m.)
Ferfolch gearkomste fan 27 jannewaris. De understeande punten wurde behannele op
tongersdei 3 febrewaris 2000. De foarsitter dielt mei dat wethalder Klaassens ofwezich is.
3. Oankeap stripe grun oan'e Truerderdvk
2000/2 - 1159m
Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ekas, Stienstra, Admiraal en de foarsitter.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.
4. It beslochtsjen fan de hieroerienkomst stripe grun oan'e Truerderdyk
2000/3 - 1258 m
Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Haites, de hear Ekas en de foarsitter.,,
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.
5. Ferkeap stikie grun efter de apteek yn Stiens
2000/4 - 1306m
Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Stienstra, Roosma en de foarsitter.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.
6. Ferkeap stripe grun vn Koarnium
2000/5 - 1345 m
Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Keizer, Stienstra en de foarsitter.
It utstel wurdt weromnaam en sil op'e nij yn'e kommisje en de rie fan febrewaris
oan'e oarder komme.
7. Ferkeap stripe grun oan'e Boskrane vn Stiens
2000/6 - 1434m
Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen F. Dijkstra en Roosma en
de foarsitter.
It utstel wurdt weromnommen.